Kulturele fernijing

Hawwe jo in idee foar in projekt dat bydrage kin oan in fernijend kultureel produksjeklimaat yn Fryslân? As it om in nij inisjatyf giet dat jo binnen it jier útfiere kinne, kin it wêze dat jo dêr subsydzje foar freegje kinne. De regeling Kulturele fernijing is iepen fan 1 maart 2019 ôf oant en mei 31 oktober 2019.

Wêr kinne jo subsydzje foar freegje?

Jo kinne subsydzje freegje foar in aktiviteit dy’t in ynhâldlike, programmatyske, ferbining hat tusken kultuer en in oare sektor, sadat dy sichtber bydraacht oan in nije ferbining of nije ferbinings tusken sektoaren, sa as technology, wittenskip en ekonomy.

Ek kinne jo subsydzje freegje foar in aktiviteit dy’t in dwersferbân befettet fan byldzjende keunst, nije media en/of design mei in oare disipline, sadat dy sichtber bydraacht oan in nije ferbining of nije ferbinings tusken disiplines, lykas dûns, literatuer, muzyk.

De aktiviteiten moatte yn de provinsje Fryslân as fernijend besjoen wurde kinne yn de sin fan oanpak, gearwurkingsferbannen, foarm of produkt-merkkombinaasjes.

Betingsten

De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 3.7 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. Lês de regeling goed troch as jo gading meitsje wolle.

Hichte fan it subsydzje

It subsydzje bedraacht 75% fan de subsidiabele kosten, oant in maksimum fan € 5.000.

Hoe kinne jo de subsydzje oanfreegje?

Tusken 1 maart 2019 en 31 oktober 2019 kinne jo in oanfraach yntsjinje mei help fan it oanfraachformulier dat ûnderoan de side by de del te laden bestannen te finen is. It subsydzjeplafon is € 60.000.

Oer de takenning fan subsydzje beslute wy binnen trettjin wike en op folchoarder dat wy folsleine oanfragen krije. In folsleine oanfraach befettet alle ynformaasje dy’t yn it formulier frege wurdt, in dúdlik en reëel projektplan mei foldwaande ynformaasje en in begrutting en in rjochtsjildige ûndertekening.

Mear ynformaasje

As jo fragen hawwe, kinne jo skilje mei de provinsje op 058 - 292 59 25 of in mailtsje stjoere oan subsidies@fryslan.frl.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.