Iepenloftspullen 2020

Fan 2 maart 2020 ôf oant en mei 27 maart 2020 is de regeling Iepenloftspullen iepensteld. De provinsje ferstiet ûnder in iepenloftspul: in Frysktalige (muzyk)teaterproduksje, of in (muzyk)teaterproduksje yn in Fryske streektaal dy't yn de iepen loft útfierd wurdt yn de perioade fan maaie oant oktober.

De betingsten

Allinnich foar iepenloftspullen dy’t plak hawwe sille yn de simmerperioade fan 2020 kin yn de ronde fan maart 2020 in subsydzje-oanfraach yntsjinne wurde. Wichtich is dat it iepenloftspul út de lokale mienskip wei ta stân brocht wurdt en dat profesjonals de spilers begeliede. De hifkingskritearia binne te finen yn paragraaf 3.4 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Hichte fan it subsydzje

De regeling is bedoeld foar stichtings en ferienings dy’t al ris earder in iepenloftspul produsearre hawwe. It subsydzje bedraacht op syn meast 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000.

Advyskommisje

Foar de oanfraachronde yn 2020 is it subsydzjeplafond fêststeld op € 49.600,-. As nei 27 maart 2020 bliken docht dat wy mear geskikte oanfragen krigen hawwe as dat der jild te ferpartsjen is, skeakelje wy de advyskommisje Kultuer yn. De kommisjeleden skôgje it projektplan dan op artistike kwaliteit en se sille ek sjen nei de oarspronklikens en de sizzenskrêft fan de produksje. It beskikbere bedrach wurdt dêrnei ferparte yn ’e folchoarder fan de rangskikking. Soe it te ferlienen subsydzjebedrach foar alle gaadlike oanfragen mei-inoar leger wêze as it subsydzjeplafond, dan hoecht de kommisje net gear te kommen. 

Ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân, telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail subsidies@fryslan.frl

Del te laden:

Pagina opties