Iepenloftspullen 2019

De regeling Iepenloftspullen 2019 wie iepen fan 1 maart 2019 ôf oant en mei 28 maart 2019. Yn dy tiid wie it mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen.

De betingsten

Allinnich foar iepenloftspullen dy’t plak hawwe sille yn de simmerperioade fan 2019 kin yn de ronde fan maart 2019 in subsydzje-oanfraach yntsjinne wurde. Wichtich is dat it iepenloftspul út de lokale mienskip wei ta stân brocht wurdt en dat profesjonals de spilers begeliede. De hifkingskritearia binne te finen yn paragraaf 3.4 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. De provinsje ferstiet ûnder in iepenloftspul: in Frysktalige muzykteaterproduksje, of in muzykteaterproduksje yn in Fryske streektaal dy't yn de iepen loft útfierd wurdt yn de perioade fan maaie oant oktober.

Hichte fan it subsydzje

De regeling is bedoeld foar stichtings en ferienings dy’t al ris earder in iepenloftspul produsearre hawwe. It subsydzje kin op syn meast op € 5.000 útkomme.

Advyskommisje

Foar de oanfraachronde yn 2019 is it subsydzjeplafon fêststeld op € 48.500. As nei 28 maart 2019 bliken docht dat wy mear geskikte oanfragen krigen hawwe as dat der jild te ferpartsjen is, skeakelje wy de advyskommisje Kultuer yn. De kommisjeleden skôgje it projektplan dan op artistike kwaliteit en se sille ek sjen nei de oarspronklikens en de sizzenskrêft fan de produksje. It beskikbere bedrach wurdt dêrnei ferparte yn ’e folchoarder fan de rangskikking. Soe it te ferlienen subsydzjebedrach foar alle gaadlike oanfragen mei-inoar leger wêze as it subsydzjeplafon, dan hoecht de kommisje net gear te kommen. 

Ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei it Klantenkontaktsintrum tillefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail subsidies@fryslan.frl.

Del te laden:

Pagina opties