Frysktalige toanielstikken

Fan 22 febrewaris 2021 ôf oant en mei 30 septimber 2021 is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it skriuwen fan in Frysktalich toanielstik. Toanielstikken dy’t yn in Fryske streektaal sa as it Biltsk of it Stellingwerfsk skreaun wurde falle ek ûnder de regeling.  

It subsydzjeplafond foar de regeling Frysktalige literatuer is € 55.000,-. Dit betsjut dat ek de subsydzjes dy’t jûn wurde foar it skriuwen fan Frysktalige fiksje en non-fiksje út dit budzjet betelle wurde.

Hichte fan it subsydzje

De regeling is ornearre foar toanielferienings dy’t in skriuwer opdracht jouwe om in nij Frysktalich stik te meitsjen. De toanielferiening kin it subsydzje dan brûke om de skriuwer in fergoeding te jaan foar it meitsjen fan de tekst. De hichte fan it subsydzje is € 2.000,-.

Besjoch earst oft jo oan de betingsten foldogge

De regeling foar it skriuwen fan in toanielstik is in ûnderdiel fan paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. It is de bedoeling dat it toanielstik noch skreaun wurde moat. It kin fansels wêze dat in skriuwer alfêst wat mei it idee boartet en in lyts begjin makket om te sjen hoe’t er it oanpakke sil. Mar as de skriuwer al serieus oan de gong is en in ein op wei is mei it skriuwen fan de tekst, is it net de bedoeling dat dêr noch subsydzje foar oanfrege wurdt. 

Hoe kinne jo subsydzje oanfreegje?

De oanfraach kin yntsjinne wurde troch rjochtspersoanen mei in folslein rjochtsfoech dy’t harren rjochtsje op it produsearjen of opfieren fan toaniel, sa as toanielferienings. It oanfraachformulier dat troch  Deputearre Steaten fêststeld is foar it jier 2020 moat brûkt wurde. Dêr moat de oanfreger dan in projektplan en in oeuvrelist fan de skriuwer oan taheakje. Yn it projektplan graach yngean op de ferwachte ynhâld en de plenning fan it skriuwen fan it toanielstik.

Rjochtsjildige ûndertekening

It is wichtich om it oanfraachformulier rjochtsjildich te ûndertekenjen. De hantekening fan allinnich de foarsitter fan in stichting as feriening is hast nea genôch. Yn it úttreksel fan de Keamer fan Keaphannel stiet oft ien bestjoerslid it folsleine foech hat oft dat alle bestjoersleden it foech mei-inoar hawwe. Yn it karbrief kinne jo neigean hokker bestjoersleden jo stichting / feriening yn en bûten rjochte fertsjintwurdigje meie.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei it KCC op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.

Del te laden:

Pagina opties