Fryske sporten

Ek yn 2020 is it wer mooglik om subsydzje oan te freegjen foar in sportevenemint of in sportclinic op it mêd fan de Fryske sporten. De regeling is iepen fan 2 jannewaris ôf oant en mei 31 oktober 2020. It subsydzjeplafon is € 70.000.

Hichte fan it subsydzje

It subsydzje is op syn meast 35% fan de kosten dy’t subsidiearre wurde kinne, mei in maksimum fan € 5.000. As it om in oanfraach giet foar seis of mear sporteveneminten kin op syn heechst in subsydzje fan € 20.000 frege wurde.

Besjoch earst oft jo oan de betingsten foldogge

De tekst fan de regeling is te finen yn paragraaf 5.2 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. Ûnder de Fryske sporten fersteane wy: keatse, fierljeppe, skûtsjesile, damjen Frysk spul, skoallereedride en de Fryske hynstesport.

It oanfraachformulier graach troch de bestjoerders mei-inoar rjochtsjildich ûndertekenje litte en dêrnei opstjoere of by de baly fan it provinsjehûs delbringe. Tink derom dat alle bylagen der by sitte, benammen ek in dúdlike slutende begrutting.

Elektroanysk yntsjinje

Foar dizze regeling kinne jo fanôf de dei fan de iepenstelling ek elekroanysk yntsjinje. Om elektroanysk yntsjinje te kinnen, hawwe jo e-herkenning nedich. Mear ynformaasje deroer kinne jo hjir fine.

Freegje dit op tiid oan, sadat jo de oanfraach makliker en flugger yntsjinje kinne. Elektroanysk yntsjinje is net itselde as mei de e-mail ferstjoere. Mei de e-mail yntsjinje is net mooglik.

Oanfreegje

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo skilje mei de ôfdieling Subsydzjes op telefoannûmer 058 – 292 59 25 of maile nei subsidies@fryslan.frl.

Del te laden:

Pagina opties