Frysk Taalgebrûk

Fan 22 febrewaris 2021 ôf oant en mei 30 septimber 2021 is de regeling Frysk taalgebrûk iepensteld. De regeling Frysk taalgebrûk hat ta doel de sichtberens en it hearren fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben en de publike romte yn Fryslân te fergrutsjen. It subsydzjeplafond is € 25.000,-.

Subsidiabele aktiviteiten

Der kin subsydzje oanfrege wurde foar:

  • aktiviteiten dy’t de sichtberens en it hearren fan de Fryske taal struktureel en foar langere tiid yn de Fryske mienskip oanwiisber fergrutsje en dêrmei de posysje fan dy taal ferstevigje;
  • it ûntwikkeljen fan oarspronklike Frysktalige kommunikaasjemiddels, bedoeld foar it publyk;
  • it oersetten fan besteande kommunikaasjemiddels rjochte op it publyk, nei de Fryske taal.

Foar wa is de subsydzje?

Subsydzje wurdt beskikber steld oan in ûndernimming, stichting, ynstelling of in feriening mei folslein rjochtsfoech, dy’t yn Fryslân kantoar hâldt of Fryslân as wurkgebiet hat.

Hichte fan de subsydzje

De subsydzje bedraacht maksimaal 80% fan de subsidiabele kosten mei in minimum fan €250,- en in maksimum fan €3.000,-. It subsydzje foar it oersetten bedraacht €0,20 it wurd mei in minimum fan €100,- en in maksimum fan €1.000,-. Foar it oersetten fan literatuer is der de regeling Oersetten en bewurkjen fan literatuer.

Betingsten

De betingsten kinne jo fine yn paragraaf 2.5 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. Yn dizze paragraaf kinne jo lêze oft jo foldogge oan de betingsten fan de regeling.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen nim dan kontakt op mei de provinsje Fryslân, telefoan 058 – 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.

Del te laden:

Pagina opties