Frysk foar no en letter 2021-2024

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 22 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. De kommende fjouwer jier is der alle jierren € 800.000 beskikber foar bygelyks neiskoalling fan dosinten Frysk, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje. De regeling Frysk foar no en letter jout skoallen de mooglikheid om te wurkjen oan de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis.

Oanfreegje kin fan 22 febrewaris oant en mei 18 maaie 2021. Der is yn dizze perioade € 400.000 foar de skoallen beskikber. Nei de simmerfakânsje giet de regeling foar de twadde kear iepen. Dan is der wer € 400.000 beskikber.

Dizze regeling bestiet út twa ûnderdielen:

paragraaf 2.1

It fergrutsjen fan kennis of praktysk gebrûk fan Fryske taal en kultuer yn foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis mei de folgjende ûnderdielen:

Deputearre Steaten kinne op oanfraach in kostesubsydzje foar ien of meardere fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger beskikber stelle: 

  1. it troch de wurknimmer dielnimmen oan in skoallings- of opliedingsaktiviteit op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk yn it troch de oanfreger fersoarge ûnderwiis; 
  2. it oanskaffen fan Frysktalige fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal, rjochte op yntegraasje fan de Fryske taal en kultuer yn te fersoargjen ûnderwiis yn fakken oars as dy fan de Fryske taal; 
  3. it dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje fersoarge troch in dêrta kwalifisearre saakkundige. 

Paragraaf 2.2

Frijroasterje, taalbeliedsplan, Fryske taal en kultuer fuortsterkje mei de folgjende ûnderdielen:

Deputearre Steaten kinne op oanfraach in prestaasjesubsydzje beskikber stelle foar ien of mear fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger: 

  1. yn ferbân mei it lykweardich ferfangen by it frijroasterjen it tydlik yn tsjinst nimmen of ynhieren fan in wurknimmer of meiwurker troch de oanfreger; 
  2. it opstellen of oanpassen fan in taalbeliedsplan dêr’t de Fryske taal in ûnderdiel fan is; 
  3. it útfieren fan aktiviteiten troch in yn it fuortset ûnderwiis of middelber beropsûnderwiis oanstelde fakdosint Frysk, bûten syn reguliere wurk om, dy’t te krijen hawwe mei it ûntwikkeljen, aktualisearjen of it wittenskiplik ûndersykjen fan it fak Frysk of de meartalige didaktyk; 
  4. it folgjen fan it begeliedingstrajekt om by it netwurk Meartalich Fuortset Underwiis oan te sluten. 

Subsydzjebedrach

Foar paragraaf 2.1 It fergrutsjen fan kennis of praktysk gebrûk fan Fryske taal en kultuer yn foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis mei de folgjende ûnderdielen:

  • foar in skoalling of oplieding (2.1.a) kin 100% fan de kosten subsidiearre wurde mei in maksimum fan € 2500,-;
  • foar it oanskaffen fan materiaal (2.1.b) kin 80% fan de kosten subsidiearre wurde mei in maksimum fan € 1000,-;
  • foar in kulturele aktiviteit (2.1.c) kin 50% fan de kosten subsidiearre wurde mei in maksimum fan € 500,-.

Foar Paragraaf 2.2 Frijroasterje, taalbeliedsplan, Fryske taal en kultuer fuortsterkje mei de folgjende ûnderdielen:

  • foar it frijroasterjen fan in persoanielslid by in opliedingsaktiviteit (2.2 a): € 3500,-;
  • foar t frijroasterjen fan in persoanielslid by in skoallingsaktiviteit (2.2.a): € 750,-;
  • foar it taalbeliedsplan (2.2. b) € 250,-;
  • Foar de ekstra ynset fan in fakdosint Frysk (2.2.c) € 500,- de oanstelde fakdosint Frysk;
  • foar it folgjen fan it begeliedingstrajekt Meartalich Fuortset Underwiis (2.2.d), € 3000,-;

Hoe kin ik subsydze oanfreegje?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it beskikbere oanfraachformulier. It is wichtich it oanfraachformulier folslein yn te foljen en de taheakken derby te dwaan.

Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DC folgje jo neikommende stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
  2. Klik op ‘Ynfolje en ûndertekenje’
  3. Folje de antwurden yn
  4. Print it formulier út
  5. Undertekenje it formulier
  6. Soargje derfoar dat alle taheakken dy’t frege wurde ek útprinte wurde
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken mei de post op nei de provinsje.

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt mei it Klantkontaktsintrum opnimme fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.

Del te laden

Pagina opties