Ekstra kompensaasje foar hûseigners provinsje Fryslân

Hûseigners yn Fryslân krije 50% ekstra kompensaasje op isolaasjemaatregels as sy har wenning ferduorsumjes. Provinsje Fryslân stimulearret hjirmei har ynwenners om isolearjendemaatregels (spouw, gevel, flier / boaiem, dak, glês) te nimmen neffens de Investeringssubsidie duurzame energie en energiebesparing voor woningeigenaren (ISDE) jildende betingsten.

Dêrfoar stelt Fryslân in totaal 2,95 miljoen euro beskikber. De doer fan dizze Fryske oanfolling jildt mei weromwurkjende krêft fan 4 jannewaris 2021 oant en mei 31 desimber 2022, sa lang der budzjet is.

Oanfraachproses

Jo tsjinje by de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO) in oanfraach yn foar de ISDE. Sagau RVO in posityf beslút nommen hat iop jo oanfraach sil RVO de Fryske oanfreger per mail benei komme of dizze yn oanmerking wol komme foar de Fryske kompensaasje. De oanfreger jout dêrnei tastimming oan RVO foar it foarsjen fan de nedige ynformaasje oan de provinsje Fryslân. RVO betellet it ISDE subsydzje bedrach út oan de hûseigner. As de oanfreger tastimming hat jûn, follet de provinsje Fryslân dit bedrach foar de Fryske hûseigners oan mei 50% fan it troch de RVO subsydzje bedrach levere. Tink der om: dizze oanfolling jildt allinne foar de isolaasjemaatregels! As jo foar it nimmen fan isolearjende maatregels bygelyks 1000 euro ISDE subsydzje ûntfange fan RVO dan krije jo fanút Fryslân noch ris 500 euro. Dit salang der budzjet foar is. Jo krije dus twa kear in bedrach útbetelle, fan RVO en fan de provinsje Fryslân. Dit bart op twa ferskillende mominten.

Jo komme yn oanmerking foar de Fryske finansjele oanfolling as jo nei 4 jannewaris 2021 fan de RVO in subsydzje  krigen ha op grûn fan de ISDE foar op syn minst 1 enerzjybesparjende maatregel (spouw, gevel, flier / boaiem, dak, glês). By in kombinaasje fan twa maatregels, bygelyks in waarmtepomp en spouwmourreisolaasje, krije jo krije sy allinne in kompensaasje foar de isolaasjemaat.

Hûseigners

Investeringssubsidie duurzame energie en energiebesparing voor woningeigenaren (ISDE) | RVO.nl | Rijksdienst

Subsydzjeregeling foar Feriening fan Eigeners

RVO wurket noch oan de iepenstelling fan in subsydzjeregeling foar de Feriening fan Eigeners. Sagau dizze iepenstelt wurdt is de Fryske plusregeljouwing ek op de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH) fan tapassing (dus ek allinne foar wat giet om isolearjende maatregels). Mear ynfo fia: Subsidie energiebesparing VvE (rvo.nl)

Klik hjir foar mear ynformaasje oer it oanfreegje fan de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH): Subsidie energiebesparing VvE (rvo.nl)

De regeling kinne jo hjir fine.

It plafond fan de regeling kinne jo hjir fine.

Pagina opties