Eftergrûnynformaasje oer subsydzjes

De provinsje wurket mei de Algemiene Subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013, yn it koart: de ASV.
Dêrneist hat de provinsje in protte spesifike subsydzjeregelings. As jo in subsydzje oanfreegje yn sa’n regeling is it wichtich om de ASV ek te besjen.

As jo aktiviteiten net binnen in subsydzjeregeling passe, mar mooglik wol binnen ien fan ús beliedsdoelen dan kinne jo op basis fan de ASV ynsidintele subsydzje oanfreegje. Klikke jo hjir foar mear ynformaasje.

De ASV giet yn it foarste plak út fan betrouwen. Dochs kin it foarkomme dat der bewizen fan jo frege wurde oft jo it subsydzjejild wol brûke lykas ôfpraat. Skriuw ús dan ek daliks in brief as it jo net slagget om it projekt neffens ôfspraak of binnen de ôfprate tiid út te fieren.

Dy’t misbrûk makket fan ús betrouwen, kriget gjin subsydzje wer

Om misbrûk fan subsydzje foar te kommen wurdt sa no en dan in proef útfierd. Dat is regele yn ús M&O belied. Dêrom is it wichtich om de bewiisstikken dy’t mei it subsydzje te meitsjen hawwe, fiif jier te bewarjen.

Oanfraachproseduere

Subsydzje oanfreegje yn in regeling moat mei in oanfraachformulier. As jo in oanfraach dogge, krije jo in ûntfangstbefêstiging.

Wy krije in protte oanfragen. Dy wolle wy graach flot beskikke, mar der is wol gauris wat mis mei in oanfraach. Dan freegje wy oanfoljende ynformaasje. Dêrtroch skoot dy oanfraach nei efteren yn de folchoarder fan behanneling. Dan duorret it folle langer foardat jo en oaren berjocht krije op de oanfragen.

As jo graach flot antwurd op jo oanfraach hawwe wolle, helpt it om de oanfraach yn ien kear goed en folslein yn te leverjen.

Wannear is in oanfraach folslein?

- as er goed yntsjinne is. Oanfragen fia de mail nimme wy net yn behanneling;
- as alle ynformaasje dy’t frege is op it oanfraachformulier ynfolle en oankrúst is;
- as de oanfraach troch de dêrfoar oanwiisde persoanen rjochtsjildich ûndertekene is;
- as alle frege bylagen taheakke binne oan de oanfraach. Tink bygelyks om in helder en wiidweidich projektplan en om in goed ûnderboude begrutting;
 

Rjochtsjildich ûndertekenje

It komt geregeld foar dat út it úttreksel fan de Keamer fan Keaphannel bliken docht dat bestjoerders net allinnich, mar wol mei-inoar it foech hawwe. Pak dan de statuten of de oprjochtingsakte derby. Faak stiet earne healwei wa’t de oanfreegjende organisaasje fertsjintwurdigje mei. Soms is it de foarsitter tegearre mei de ponghâlder, soms binne it twa willekeurige bestjoersleden. Kinne jo it net fine? Freegje nei de subsydzjemeiwurker dy’t de regeling ûnder him hat en mail ús de statuten. Dan helpe wy jo op wei.  

De ôfdieling Subsydzjes is te berikken op telefoannûmer 058 – 292 53 35 en fia subsidies@fryslan.frl.

Subsydzjeregister

It subsydzjeregister jout in oersjoch fan ferliende subsydzjes. De neamde bedraggen yn it register kinne ôfwike fan de bedraggen dy’t ûntfangers feitliken krije. It kin wol wêze dat nei ôfrin fan it projekt it subsydzjebedrach leger fêststeld wurdt.

Ynformaasje oer persoanen is anonym makke, soks yn ferbân mei de Wet op it beskermjen fan persoansynformaasje. Yn dy gefallen dat bedriuwen subsydzjes krigen hawwe dy’t út it eachpunt fan konkurrinsje wolris gefoelich lizze kinne soene, is ek dy ynformaasje anonym makke.

Oan it register kinne gjin rjochten ûntliend wurde. It lêste subsydzjeregister fine jo ûnderoan de side. De subsydzjeregisters fan eardere jierren kinne jo weromfine yn ús webside argyf.

Del te laden:

Pagina opties