Frysktalige toanielstikken (ticht/gesloten)

Fan 19 jannewaris 2018 ôf oant en mei 28 septimber 2018 wie it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it skriuwen fan in Frysktalich toanielstik. Toanielstikken dy’t yn in Fryske streektaal sa as it Biltsk of it Stellingwerfsk skreaun wurde falle ek ûnder de regeling.  

It subsydzjeplafon is € 20.000.

Hichte fan it subsydzje

De regeling is ornearre foar toanielferienings dy’t in skriuwer opdracht jouwe om in nij Frysktalich stik te meitsjen omdat hja fan doel binne om dy foarstelling binnen twa jier út te fieren. De toanielferiening kin it subsydzje dan brûke om de skriuwer in fergoeding te jaan foar it meitsjen fan de tekst. De hichte fan it subsydzje is op syn meast € 2.000.

Besjoch earst oft jo oan de betingsten foldogge

De regeling foar it skriuwen fan in toanielstik is in ûnderdiel fan paragraaf 2.1 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. Dat is de paragraaf mei de titel Frysktalige literatuer.

Hoe kinne jo subsydzje oanfreegje?

De oanfraach kin yntsjinne wurde troch rjochtspersoanen mei in folslein rjochtsfoech dy’t harren rjochtsje op it produsearjen of opfieren fan toaniel, sa as toanielferienings. Oan ûndersteand oanfraachformulier moat de oanfreger in oeuvrelist fan de skriuwer en in projektplan taheakje. Yn it projektplan graach yngean op de ferwachte ynhâld en de plenning fan it skriuwen fan it toanielstik.

Rjochtsjildich ûndertekenjen

It is wichtich om it oanfraachformulier rjochtsjildich te ûndertekenjen. De hantekening fan allinnich de foarsitter fan in stichting as feriening is hast nea genôch. Yn it úttreksel fan de Keamer fan Keaphannel stiet oft ien bestjoerslid it folsleine foech hat oft dat alle bestjoersleden it foech mei-inoar hawwe. Yn it karbrief kinne jo neigean hokker bestjoersleden jo stichting / feriening yn en bûten rjochte fertsjintwurdigje meie.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Finansierings en Subsydzjes op telefoannûmer 058 - 292 53 35 of fia de mail subsidies@fryslan.frl.  

Pagina opties

Bekijkt u deze website het liefst in het Nederlands of het Frysk? Selecteer uw voorkeur.

De huidige voorkeurstaal is:

NederlandsFrysk

Om uw voorkeur later te wijzigen, klikt u op de vlag rechts bovenaan de website.