Vacature: Beliedsmeiwurker Frysk yn it Ûnderwiis

It Frysk yn it ûnderwiis is op it stuit in tige aktueel en dynamysk beliedstrajekt. De provinsje is wetlik ferantwurdlik foar it Frysk yn it ûnderwiis. Skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis binne ferplichte om it Frysk oan te bieden. Omdat it oanbod net altyd op it winske nivo sit, wurdt mei it projekt Taalplan Frysk de kwantiteit en de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis fuortsterke. Dat freget om beliedsûntwikkeling en -útfiering troch de provinsje. De ambysje, dy’t troch Ryk en provinsje yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023 fêstlein is, is dat op alle skoallen yn it Fryske taalgebiet uterlik yn 2030 alle kearndoelen foar it Frysk op foldwaande nivo oanbean wurde. Fierder rint der op it stuit in ferkenningstrajekt fan de kearndoelen Frysk, dat oanslút op it lanlike trajekt fan it op ‘en nij besjen fan kearndoelen foar alle oare leargebieten. Oan de 2030-ambysje is ek de doelstelling keppele dat de trochrinnende learline Frysk fuortsterke wurdt. Dat giet fierder as de wetlike ferplichting yn it basis- en fuortset ûnderwiis en dat rjochtet him ek op de ferbining mei it foarskoalske oanbod en it ferfolchûnderwiis op benammen mbo- en hbo-nivo. Ek binne der spesjale netwurken foar skoallen dy’t it Fryske yntegrearre oanbiede yn in meartalichheidsmodel, de saneamde trijetalige skoallen ‘3ts’ (basisûnderwiis) en it meartalich fuortset ûnderwiis ‘mfû’.

It team Taal & Ûnderwiis binnen de opjefte Frysk Kapitaal, portfolio Leefber Fryslân bestiet út in tal kollega’s dy’t oan ferskate taken wurkje dy’t út boppesteande ferplichtings en doelstellings folgje.

Wêr bestiet de opdracht út?

Spesifyk foar de beliedsûntwikkeling en it ferbetterjen fan it ûnderwiissysteem oangeande it fak Frysk sykje wy in kollega mei in ûnderwiiskundige, of dêrmei felykbere, achtergrûn foar de neikommende taken:

• Advisearje oer ûnderwiisfisy en beliedsûntwikkeling;

• Ut ûnderwiiskundige ekspertize bydrage oan de trochûntwikkeling fan it fak Frysk yn it ûnderwiis;

• Do hast kennis fan it Fryske ûnderwiisfjild en de dêrby belutsen partners en op basis fan analyze advisearrest oer it fernijen en fuortsterkjen fan de Fryske netwurken en ûnderwiisstruktuer;

• Advisearje oer spesifyk Fryske tema’s lykas meartaligens en taalferlies;

• It meidraaien yn de rinnende beliedsdossiers Taalplan Frysk en de fernijing fan de kearndoelen foar it Frysk;

• De tarieding fan beslútfoarming troch it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dêrfoar stelst sels stikken op, ynformearrest de bestjoerder en bringst advys út oan de portefúljehâlder en DS;

• De tarieding fan en ôfstimming sykje mei de ûnderwiisynstellings, partijen dy’t materialen en begelieding biede yn it ûnderwiis en oare oerheden lykas gemeenten, Ryk en ûnderwiisynspeksje.

Do wurkest nau gear mei de oare kollega’s yn it team en helpst mei de doelen te realisearjen.

Wa sykje wy?

Do hast in HBO- of WO-opleiding op it mêd fan ûnderwiiskunde, pedagogyk of kenst de ûnderwiispraktyk fan binnenút. Affiniteit mei de Fryske taal is essinsjeel; aktive behearsking fan it Frysk (prate en skriuwe) is in pree. Yn it gefal datst it Frysk noch net folslein aktyf behearskest ferwachtsje wy datst dy dat hiel gau eigen meitsje wolst. Fanwegen de grutte eksterne komponint is it nedich om kommunikatyf tige feardich te wêzen; dat helpt dy boppedat om dy ienfâldich yn de relevante netwurken te bewegen. Do wurkest krekt sa maklik selsstannich as yn teamferbân en kinst omgean mei in grutte eigen ferantwurdlikheid.

Opdrachtjouwer

Portfolio Grutsk op Fryslân, opjefte Frysk Kapitaal.

Skaalnivo en oerenyndikaasje 

Skaalnivo: 10

oerenyndikaasje : 36 oeren

Start- en eindata

Startdatum: Sa gau as mooglik

Einddatum: 28 febrewaris 2022, mei alle jierren evaluaasjemominten.

Reagearen

Reagearen

Hast fragen of wolsto in taljochting op de ynhâld fan de funksje? Nim dan gerêst kontakt op mei de koördinator team Taal & Ûnderwijs: Harmen Akerboom, fia tillefoannûmer 058 - 292 59 25 (Klanten kontaktsintrum).

Pagina opties