Steate-adviseur / Statenadviseur

De Steategriffy fan de provinsje Fryslân siket om in Steate-adviseur.

Ynhâld fan de funksje

Wolst yn ‘e mande mei de mienskip wurkje oan in moai en sterk Fryslân? Stiest stevich yn ‘e skuon en wurdst entûsjast fan in dynamyske baan yn it hert fan de polityk? Bist in adviseur fol inisjativen en besieling? Lês dan fierder.

De Steategriffy is de earste adviseur foar de leden fan Provinsjale Steaten. De griffy jout in breed skala oan stipe: fan digitale dokuminten oant it ynsetten fan politike ynstruminten, fan wurkbesiten oant boarger- of Steate-inisjativen. De Steategriffy wol de Fryske Steateleden optimaal stypje yn de rollen dy’t in Steatelid hat: ramten stelle, kontrolearje en folksfertsjintwurdiger wêze. Dat freget om in kwalitatyf heechweardige advisearring, guontiden ûnder hege tiidsdruk.

It wurk fan in Steate-adviseur

As Steate-adviseur makkest ûnderdiel út fan de Steategriffy. De taken fan de Steate-adviseur besteane út it stypjen fan de Steateleden, soms spesifyk de kommisjefoarsitter, by harren wurk as Steatelid. As der in kommisjegearkomste is, dochst it sekretariaat fan de kommisje. Fierders makkest útstellen en notysjes foar de Steaten en bringst advys út oer it behanneljen fan útstellen dy’t oan de Steaten rjochte binne. Organisearrest ek wurkbesiten en bysûndere byienkomsten lykas expertmeetings foar Steateleden.

Wat freegje wy?

Wy ferwachtsje entûsjasme en lef en minimaal in ôfrûne hbû-oplieding (bygelyks bestjoerskunde). Hast in goed gefoel foar polityk-bestjoerlike ferhâldingen, bist analytysk en hast in noas foar ynnovaasje en ferbetterings en setst dy oer nei de praktyk. Bist ek in generalist mei belangstelling foar de beliedsmêden dêr’t de provinsje binnen wurket. Underfining yn in (ferlykbere) funksje op in griffy hat de foarkar.

Selsstannich wurkjen en wurkjen yn tiimferbân komt beide foar, dêrom ferwachtsje wy datst goed gearwurkje kinst, ree bist om ek oare taken binnen de griffy mei oan te krijen en in grut ferantwurdlikheidsgefoel hast. Dêrnjonken ferwachtsje we ek datst goede kontakten ûnderhâldst mei de provinsjale organisaasje. Wy binne in twatalige organisaasje. Aktive behearsking fan it Frysk fine wy wichtich. Wurkjen yn ‘e jûnsoeren makket ûnderdiel út fan de funksje. It giet om in funksje fan 36 oeren wyks.

Wat biede wy?

  • In útdaagjende baan midden yn de Fryske provinsjale polityk.
  • In noflike wurksfear yn in aktyf en beflein tiim
  • In smoarch moannelean tusken € 3.506,28 en € 5.008,99 (skaal 11) by in wurkwike fan 36 oeren.
  • Treflike sekundêre arbeidsbetingsten, ûnder mear in Individueel Keuze Budget (IKB) fan ± 22%
  • In protte frijheid, fleksibiliteit, ferantwurdlikheid en fasiliteiten om thús te wurkjen.
  • In alsidige funksje yn in noflike wurkomjouwing. Yn it provinsjehûs yn de binnenstêd fan Ljouwert hast in wurkplak fol histoarje yn kombinaasje mei modern ûntwerp.
  • In tsjinstferbân foar 36 oeren wyks foar ien jier mei útsjoch op in fêste beneaming.

Reagearje?

Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei A. Rosier, Steategriffier (a.rosier@fryslan.frl of 058 - 292 89 96).

Fia ûndersteande link kinst fuortendaliks sollisitearje oant en mei 6 desimber 2020. De sollisitaasjepetearen binne op freed 11 desimber. In eventueel twadde petear soe wêze op tiisdeimiddei 15 desimber.

Sollisitearje

De fakatuere wurdt tagelyk yn- en ekstern iepensteld. By gelikense geskiktens wurdt foarrang jûn oan ynterne kandidaten. De Steategriffy wurket foar alle Friezen. Dêrom stribje wy nei ferskaat yn ús tiim, sadat wy in ôfspegeling binne fan de befolking fan de provinsje. Oan de ynhâld fan dizze fakatuere kinne gjin rjochten ûntliend wurde. Akwisysje nei oanlieding fan dizze tekst wurdt net op priis steld.

.

De Statengriffie van de provincie Fryslân zoekt een Statenadviseur

Inhoud van de functie

Wil jij samen met de mienskip werken aan een mooi en sterk Fryslân? Sta jij stevig in je schoenen en word jij enthousiast van een dynamische baan in het hart van de politiek? Ben je een initiatiefrijke en enthousiaste adviseur? Lees dan verder!

De Statengriffie is de eerste adviseur voor de leden van Provinciale Staten. De griffie biedt een breed scala aan ondersteuning: van digitale documenten tot de inzet van politieke instrumenten, van werkbezoeken tot burger- of Stateninitiatieven. De Statengriffie wil de Friese Statenleden optimaal ondersteunen in de rollen die een Statenlid heeft: kaders stellen, controleren en het zijn van volksvertegenwoordiger. Dit vraagt om kwalitatief hoogwaardige advisering, soms onder hoge tijdsdruk.

Het werk van een Statenadviseur

Als Statenadviseur maak je onderdeel uit van de Statengriffie. De taken van de Statenadviseur bestaan uit het ondersteunen van de Statenleden, soms specifiek de commissievoorzitter, bij hun werk als Statenlid. Als er een commissievergadering plaatsvindt voer je het secretariaat van de commissie. Verder maak je voorstellen en notities voor de Staten en breng je advies uit over het behandelen van voorstellen gericht aan de Staten. Ook organiseer je werkbezoeken en bijzondere bijeenkomsten zoals expertmeetings voor Statenleden.

Wat vragen wij?

We verwachten enthousiasme en durf en minimaal een afgeronde hbo-opleiding (bijvoorbeeld bestuurskunde). Je hebt een goed gevoel voor politiek-bestuurlijke verhoudingen, bent analytisch en hebt een neus voor innovatie en verbeteringen en zet die over naar de praktijk. Ook ben je een generalist met interesse voor de beleidsterreinen waarbinnen de provincie acteert. Ervaring in een (vergelijkbare) functie op een griffie heeft de voorkeur.

Zelfstandig werken en werken in teamverband komt beide voor, daarom verwachten we dat je goed kunt samenwerken, bereid bent om ook andere taken binnen de griffie mee op te pakken en een groot verantwoordelijkheidsgevoel hebt. Daarnaast verwachten we ook dat je goede contacten onderhoudt met de provinciale organisatie.  Wij zijn een tweetalige organisatie. Actieve beheersing van it Frysk (lezen, schrijven en verstaan) vinden wij belangrijk. Het werken in avonduren maakt onderdeel uit van de functie. Het betreft een functie voor 36 uren per week.

Wat bieden wij?

  • Een uitdagende baan, in het midden van de Friese provinciale politiek;
  • Een fijne werksfeer in een actief en enthousiast team;
  • Een bruto maandsalaris tussen € 3.506,28 en € 5.008,99 (schaal 11) o.b.v. een 36-urige werkweek;
  • Uitstekende secundaire arbeidsvoorwaarden waaronder een Individueel Keuze Budget (IKB) van ± 22% • Veel vrijheid, flexibiliteit, verantwoordelijkheid en thuiswerkfaciliteiten;
  • Een veelzijdige functie in een prettige werkomgeving. In het provinciehuis in de binnenstad van Leeuwarden heb je een werkplek vol historie, gecombineerd met modern ontwerp;
  • Een dienstverband voor 36 uur per week voor een jaar met uitzicht op een vaste benoeming.

Reageren?

Neem voor meer informatie contact op met A. Rosier, Statengriffier (a.rosier@fryslan.frl of 058 - 292 89 96).

Via onderstaande link kun je direct solliciteren tot en met 6 december 2020. De sollicitatiegesprekken vinden plaats op vrijdag 11 december. De eventuele tweede gespreksronde vindt plaats op dinsdagmiddag 15 december.

Solliciteer

De vacature wordt gelijktijdig in- en extern opengesteld. Bij gelijke geschiktheid wordt voorrang gegeven aan interne kandidaten. De Statengriffie werkt voor alle inwoners van Fryslân. Daarom streven wij naar diversiteit in ons team, waardoor wij een afspiegeling vormen van de bevolking van de provincie. Aan de inhoud van deze vacature kunnen geen rechten ontleend worden. Acquisitie naar aanleiding van deze tekst wordt niet op prijs gesteld.

Pagina opties