Officemanager projektburo Streekwurk Zuidwest Fryslân

Ynhâld fan de funksje

Streekwurk is een organisatie gepositioneerd tussen mienskip en Friese overheden. Wij verbinden de wensen van de streek met de plannen van Friese overheden. We maken lokale initiatieven mogelijk met provinciale en Europese middelen en helpen provinciale ambities te realiseren met lokale initiatieven.
De provincie Fryslân heeft een eigen koers en eigen ambities die (grotendeels) passen bij de visie van Streekwurk. We werken samen en adviseren (vooral) over de volgende thema’s: Wonen en voorzieningen, Landschap en Natuur, Recreatie en Ondernemen, Cultuur en maatschappij.

Binnen Streekwurk werken wij aan het leef geluk in de streek, door gebiedsgerichte projecten en initiatieven te ondersteunen en te vergroten. Dit realiseren we door mee te denken, mogelijk te maken en de juiste mensen en organisaties te verbinden aan een project. Zo krijgen we ideeën van de mienskip sneller van de grond en dragen we bij aan de ontwikkeling van de streek. Ons doel is samen werken aan een streek waar het leeft, waar het bruist. Waar het goed wonen, werken en recreëren is.

Om’t de hjoeddeistige officemanager regio Zuidwest Fryslân mei pensjoen giet is der by tiim Streekwurk dat yn Snits fêstige is, in funksje foar officemanager fakant.

Do funksjonearrest as in alsidich meiwurker op it projektburo. De ôfdieling Streekwurk is foar in part op it provinsjehûs en foar in part yn de 5 regio’s, wêrûnder SúsWest Fryslân, húsfeste. De organisaasje fan in projektburo bestiet neist dy út in gebietskoördinator en in projektadviseur. It tiim Streekwurk hat meiïnoar in fiiftal projektburo’s en in sintrale ienheid dy’t op it Provinsjehûs wurket.

Do bist it earste oansprek- en ynformaasjepunt foar minsken dy’t kontakt mei it projektburo opnimme. Do soargest derfoar dat fragen by de goede persoan telâne komme en hannelest dy, as dat mooglik is, sels ôf. Do makkest de jierplanning foar de gearkomsten fan in stjoergroep Gebietsaginda Súdwesthoeke en it advystiim Iepen Mienskipfûns.

Do riedst de gearkomsten tegearre mei dyn kollega’s yn de regio ta en soargest foar in heldere ferslachjouwing en stelst nei oanlieding fan dy gearkomste it konsept parseberjocht op.

Njonken it stypjen fan dizze regionale oerlizzen joust do stype oan it gearwurkingsferbân Greidhoeke Plus en oare regionale gearwurkingsferbannen. Do fierst gegevens yn foar it automatisearre projektregistraasjesysteem fan de ôfdieling. Do ferrjochtest stypjende aktiviteiten op it mêd fan publisiteit en kommunikaasje fan it projektburo. Do leverest gegevens oan foar de jierferslaggen dy’t yn de gearwurking makke wurde.

Do argivearrest de dokumintestream dy’t ferbân hâldt mei it wurk op it buro. Ek behearst de lytse kas fan it projektburo.

Do wurkest op ien fan de fiif projektburo’s fan de ôfdieling Streekwurk. Dit buro is yn Snits fêstige.

Wat freegje wy?

Wy sykje immen mei MBO wurk- en tinknivo.

  • Do bist pro-aktyf en ûntsoargest de kollega’s;
  • Do bist fleksibel en kommunikatyf sterk;
  • Do bist entûsjast, en op gearwurking rjochte;
  • Do wurkest selsstannich, kinst goed planne en organisearje en do nimst dyn eigen ferantwurdlikheid;
  • Do wachtest net ôf, mar ûndernimst aksje;
  • Do bist sekuer, diplomatyk en taktfol. Do kinst goed mei stress omgean;
  • Do kinst it Frysk goed ferstean, Frysk prate en skriuwe is in pree;
  • Ek digitaal witst dy goed te rêden.

Wat biede wy?

Skaal: 7
Startdatum: 1-5-2021. Dit giet om in tydlike funksje dy’t duorret oan’t en mei 2024, mei eventueel in opsje foar ferlinging.
24 oeren, mei miskien útbreiding nei 32

Kontakt: K. Zwart, ôfdielingshaad fan de ôfdieling Streekwurk, till. 058 - 292 55 63 of W. van Gorkum, gebietskoördinator Zuidwest, till. 06 - 52 45 16 94.

De petearen fine plak op woansdeitemiddei 28 april 2021 op it projektburo yn Snits.

Reagearje

Pasto yn dit profyl en is dyn belangstelling wekt? Dan ûntfange wy graach dyn motivaasje en Cv úterlik snein 18 april 2021 fia ûndersteande link.

Sollisitearje

Akwisysje wurdt net op priis steld.

Pagina opties