Statenjacht 'Friso'

Statenjacht 'Friso'

Foar in stikmannich jierren ferlyn hie Fryslân as iennige fan ‘e tolve Nederlânske provinsjes in Steatejacht, de boeier 'Friso'. Underwilens hat Utert ek in eigen steatejacht. Dat Fryslân sa lang de iennige wie, is net sa nuver foar in provinsje dy’t foar omtrint in tredde part út wetter bestiet. It fraaie skip spilet sûnt 1954 in wichtige rol yn de promoasjeaktiviteiten fan de provinsje.

De 'Friso' (neamd nei de stamfaar fan ‘e Friezen, de legendaryske Kening Friso) is ien fan de meast ferneamde rûne (platboaiem)jachten yn Nederlân. It skip, dat yn 1954 in offisjele funksje krige yn it ramt fan de represintaasje fan it Provinsjaal Bestjoer, hat in nijsgjirrige skiednis. Sûnt de bou (yn 1894) op de werf fan de ferneamde boeierbouwer Eeltje Holtrop van der Zee ('Eeltsjebaas') op ‘e Jouwer, hat de boeier in soad omswervings makke. Sechtich jier dêrnei waard de 'Friso' nei Fryslân weromhelle, no as Steatejacht.

Foto's Staetejacht Friso

Sjoch mear foto's fan it Steatejacht Friso op Flickr.

Pagina opties