Provincie Fryslân as wurkjouwer

Wurkje by de provinsje Fryslân betsjut wurkje by in dúdlike organisaasje. Mei as haaddoel: mei-inoar wurkje oan in moai en sterk Fryslân. Yn ‘e mande mei goed 750 kollega’s wurkest mei oan it bouwen fan in moai wen-, wurk- en libbensfermidden. De provinsje soarget der ûnder oare foar dat wegen bereisber bliuwe en dat wy fan de Fryske natuer genietsje kinne. Ek jouwe wy ûndernimmers kânsen en soargje wy derfoar dat de Fryske identiteit en kultuer stân hâlde. Dêrmei wurdt ek de Fryske eigenens bedoeld: nim bygelyks de grutte ynfraprojekten lykas De Sintrale As, Ljouwert Frij-Baan, N31 Harns, Knooppunt De Jouwer en oare Fryske wegeprojekten. Dêrby bestegen wy net allinne omtinken oan de dyk, mar ynvestearren wy ek yn de omwenners en de omkriten fan it projekt. De Fryske eigenens wie ek yn LF2018 te werkennen, dat in feest fan en foar de Fryske mienskip wie.

Mei-inoar wurkje oan in moai en sterk Fryslân

Yn ‘e mande mei gemeenten en oare partners pakke wy maatskiplike fraachstikken oan en wurkje wy mei hert en siel foar Fryslân. It doel fan ús organisaasje is om de Fryske ynwenners op it earste plak te hawwen. Dat hâldt konkreet yn dat wy by it betinken fan belied, it belang fan de Fryske mienskip altyd yn omtinken hâlde. Oftewol: mienskip op 1.

Yn ús organisaasje meitsje wy belied, ôfstimd op de plannen dy’t it kolleezje fan Deputearre Steaten makket. Dêrnei fiere wy it út. Meastal dogge wy it sels, mar faak ek yn gearwurking mei oare oerheden of maatskiplike organisaasjes. 

By maatskiplike fraachstikken kin tocht wurde oan fraachstikken oangeande ynfrastruktuer, ekonomy, kultuer of natuer. De provinsje Fryslân wurket opjeftestjoerd. Sa kinne wy fleksibel op fraachstikken ynspylje dy’t by ynwenners ûntsteane. Yn de praktyk betsjut dat dat in soad meiwurkers út in pool wei op ûnderskate projekten en programma ynset wurde, passend by de maatskiplike fraachstikken en harren ambysjes en kennis.

Provinsje Fryslân as wurkjouwer

De provinsje hat as wurkjouwer in soad omtinken foar dyn persoanlike ûntwikkeling! Sa hast de mooglikheid opliedings en kursussen te folgjen om dy by de provinsje fierder te ûntwikkeljen. Dy wurde troch ús oanbean, mar kinst ek sels in oplieding of kursus bûten de organisaasje útkieze en folgje. Dêrfoar kinst yn ‘e perioade 2018-2022 gebrûk meitsje fan in persoanlik ûntwikkelbudzjet. Fierder hast de kâns om mei te tinken yn hoe’t de organisaasje harsels ferbetterje kin.

Dyn wurkfermidden

Do wurkest yn it provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Dêr wurkje sa’n 750 minsken. Neist it provinsjehûs wurkje der ek in soad kollega’s yn ‘e bûtentsjinst of op projektburo’s. Yn it provinsjehûs hast in wurkplak fol histoarje, kombinearre mei in modern ûntwerp. Do hast dêr fleksibele wurkplakken en ferskate mooglikheden foar gearkomsten. Ek binne der projektromten beskikber foar kreative wurkfoarms en ‘scrum’-sesjes. Fansels soargje wy derfoar, as it by dyn wurk past, datst oer in laptop en in smartphone beskikst, sadatst fleksibel bist yn wêr, hoe en wannear’tst wurkest.

In goede sfear en kollegialiteit steane foarop! Neist in goede sfear foar de kollega’s fine wy it ek wichtich om gastfrij foar besikers te wêzen. Sa is it provinsjehûs iepen foar gasten en jouwe (âld) kollega’s alle freden in rûnlieding foar besikers troch it provinsjehûs.

Wy ûntfange gasten graach yn ús publykshal mei in lekker bakje kofje. Wy sprekke inoar ûnderling oan mei do en wurkje graach multydissiplinêr gear, yn likegoed as bûten it provinsjehûs, om ta goede en kreative ideeën en oplossings te kommen.

Dyn arbeidsbetingsten

Neist dat dyn persoanlike ûntwikkeling sintraal stiet, betsjut it wurkjen by de provinsje wurkje ûnder goede arbeidsbetingsten. Neist in lean dat by de merk oanslút, krigest in persoanlik ûntwikkelbudzjet en in yndividueel karbudzjet. Mei dat yndividuele karbudzjet kinst bygelyks foardielich in fyts foar wen-wurkferkear oanskaffe, lidmaatskippen fan fakbûn of bedriuwsfitness betelje en ekstra ferlof keapje.

As provinsje steane wy foar duorsumens. Sa is ús gebou duorsum. En wy fergoedzje grien ferfier folslein. Komst mei de trein, bus, fyts of elektryske auto? Dan krigest in reiskostefergoeding.

Mar dat is noch net alles, by de provinsje wurde ek in soad sportive aktiviteiten organisearre en is der omtinken foar fitaliteit en ûntspanning. Der binne ferskate fakânsjehuzen op de Waadeilannen dy’tst hiere kinst en de personielsferiening organisearret kreative en kulturele aktiviteiten.

Organisaasjefisy

Wêr stiet de provinsjale organisaasje foar?

Link

Fakatueres

Besjoch de fakatuers

Link

Trainees

Mear ynformaasje oer it traineeprogramma fan provinsje Fryslân

link

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.