Literatuer, taaldokumintaasje, taalpromoasje en taalhelpmiddels

Alle ynwenners fan ús provinsje hawwe yn it deistich libben op ien oft oare wize te krijen mei meardere talen. Dat binne yn it foarste plak it Frysk en it Nederlânsk, mar yn in soad gefallen ek noch in streektaal of in bûtenlânske taal. De provinsje Fryslân sjocht dat taalferskaat as rykdom en stimulearret en subsidearret û.o. literatuer, (digitale) taalhelpmiddels en taalpromoasjeprojekten.

Literatuer

De provinsje stimulearret en subsidearret it skriuwen en útjaan fan Fryske literatuer. Dêrûnder falle net allinne romans en dichtbondels, mar bygelyks ek jeugdliteratuer, wittenskiplike wurken, tydskriften, literatuer dat oanslút by de ûnderwiismetoaden en by skoaltv fan Omrop Fryslân en it boekpromoasjeprogramma Boeken fan Fryslân.

Taaldokumintaasje: Fryske Taalatlas en Streektaalatlas

Om de fjouwer jier jout de provinsje Fryslân de Fryske Taalatlas út. De gegevens wurde sammele op basis fan in breed útsetten enkête ûnder de ynwenners fan de provinsje. De útkomsten fan it ûndersyk jouwe in byld fan it gebrûk fan de Fryske taal ûnder de ynwenners fan Fryslân en it gebrûk fan it Frysk yn it ûnderwiis en by gemeentlike oerheden. De tredde edysje fan de Taalatlas waard yn 2015 publisearre nei eardere útjeften yn 2007 en 2011. Yn 2014 hat de provinsje ek foar de earste kear in Streektaalatlas útjûn oer it behearskingsnivo en it brûken fan de streektalen yn de provinsje.

Boppeneamde publikaasjes en oare statistyske gegevens oer it brûken fan de Fryske taal kinne jo fine yn de databank Steat fan Fryslân.

Taalpromoasje en lêsbefoardering

Mei ferskillende programma’s stimulearret de provinsje Fryslân it brûken fan de Fryske taal en it fergrutsjen fan de bewustwurding oangeande de meartalige situaasje yn de provinsje:

  • Taalkado
    Alden krije it Taalkado at sy yn in dielnimmende gemeente (alle Fryske gemeenten útsein de Waadeilannen en de gemeente Weststellingwerf) berteoanjefte dogge. Wenje jo yn in Fryske gemeente dy’t Taalkado’s útrikt, mar is jo bern bûten dy gemeente (bgl. yn it sikehûs yn Grins) berne? Ek dan kinne jo in Taalkado krije troch eefkes kontakt mei ús op te nimmen:  taalkado@fryslan.frl 
  • Tomke
    Tomke is in Frysktalich foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten. Yn 1997 ferskynde it earste boekje fan Tomke. Troch de jierren hinne is Tomke útgroeid ta in folslein programma mei bgl. foarlêsboeken, ferskes, telefyzje- en radioprogramma’s en in app. Ek wurdt der alle jierren yn juny in fergees temaboekje útbrocht, yn it Frysk en yn guon streektalen.Besiden de ûntwikkeling fan lês- en boartlikmateriaal  foar bern, wurde mei it projekt âlden en profesjonale opfierders ynformearre oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern.
  • Heit en Mem
    It programma Heit en Mem hat as doel oansteande en jonge âlden te ynformearjen oer it grutbringen fan bern fan 0 oant 12 jier, dêrby is spesifyk omtinken foar meartaligens. Twa kear jiers wurdt it fergeze tydskrift Heit en Mem publisearre en rûnom yn de provinsje ferspraat. Ek is Heit en Mem aktyf op ynternet en is der in Heit en Mem-panel oprjochte.
  • Praat mar Frysk
    Mei de Praat mar Frysk kampanje (sûnt 2007) wurde Frysktaligen stimulearre om it Frysk bûtenshûs mear te brûken. Ek wurdt it Frysk op in hiel soad plakken sichtber makke. Dat giet om digitale platfoarmen as Facebook, Twitter, Instragram en LinkedIn, mar ek op fysike lokaasjes as yn winkelstrjitten, sikehuzen, gemeenten en by minsken thús.

Taalhelpmiddels

Op de webside www.taalhelp.frl stiet in oersjoch fan de Fryske taalhelpmiddels foar kompjûter, tablet en telefoan.

De provinsje Fryslân stimulearret en subsidearret de ûntwikkeling fan (digitale) taalhelpmiddels. Sa is in pear jier lyn Taalweb Frysk ûntwikkele. Taalweb Frysk is in fergees helpmiddel foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol. Op dit stuit ûntwikkelt de Fryske Akademy in Online Nederlânsk Frysk Wurdboek, dat yn 2022 oplevere wurdt. In oare wichtige ûntwikkeling op it gebiet fan digitale taalhelpmiddels is de yntegraasje fan it Frysk yn Google Translate. Om dit foarinoar te krijen wie net sa sear stipe fan de provinsje nedich, mar foaral in soad meiwurking fan de Fryske befolking. Yn de Fryske Google Translate Wike, yn septimber 2015, hawwe Friezen manmachtich oan it oersetten west foar Google Translate. En mei in goed resultaat, want al yn febrewaris 2016 waard it Frysk as taal taheakke yn de oersetter fan Google.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.