Finânsjes

Provinsjale begrutting

Klik hjir om nei de provinsjale begrutting te gean.

Ynkomsten en útjeften

It jild dat de provinsje fanneden hat om de eigen taken útfiere te kinnen, komt foar in grut part fan it Ryk. Alle jierren stoart it Ryk in part fan de belestingopbringsten yn it Provinsjefûns. It jild út dat Provinsjefûns

Doelútkearings

Njonken it jild út it Provinsjefûns kriget de provinsje ek noch 'doelútkearings' fan it Ryk. Dat binne útkearings foar spesifike doelen, lykas jeugdhelpferliening, taal en kultuer, stêds- en doarpsfernijing.

Motorreaubelesting 

In oare boarne fan ynkomsten fan de provinsje is de motorreaubelesting opsinten. Alle jierren stelle de Steaten de punten ‘opsinten' fêst dy't dêrnei troch de Belestingstsjinst oplein wurde en alle moannen oan de provinsje ôfdroegen wurde.

Nuon-oandielen 

As tredde grutte boarne fan ynkomsten kriget de provinsje rinte oer it fermogen troch de ferkeap fan de NUON-oandielen.

Útjeften ferparte oer de beliedsmêden 

De útjeften fan de provinsje wurde ferparte oer de beliedsmêden dêr't de provinsje ferantwurdlik foar is. Op in soad beliedsmêden hat de provinsje de rol fan oanfiterder, regisseur en koördinator. De provinsje berikt de eigen doelen foar in grut part troch regeljouwing op te stellen en subsydzjes beskikber te stellen.

Subsydzjes oan tredden 

De grutste útjeften besteane út it beskikber stellen fan subsydzjes oan tredden. In oare grutte kostepost foarmje de útjeften foar guod en tsjinsten (bygelyks foar behear en ûnderhâld fan provinsjale diken en farwegen. Boppedat wurde útjeften dien foar de ôfskriuwingslêsten fan ynfrastrukturele wurken en foar de amtlike organisaasje.

Effekten op de langere termyn

De provinsjale finânsjes wurde foar in termyn fan tsien jier besjoen om sa de effekten op de langere termyn te beheljen by it bepalen fan de finansjele romte.

Pagina opties