Fakatueres

Wolst witte oft der fakatueres by de provinsje binne? Folgje ús dan op Twitter dan bist altyd as earste op ‘e hichte.

Sollisitaasjeproseduere

Op dizze side fynst alle aktuele fakatueres. As der in nijsgjirrige fakatuere foar dy by sit, biede wy dy de mooglikheid om fia in digitale sollisitaasjelink te reagearjen. Wy freegje dy mei klam om dy sollisitaasjelink te brûken. Sa kinne wy dy better helpe en sil it ôfhanneljen fan dyn sollisitaasje in stik flugger ferrinne. Skriftlike sollistaasjes wurde dan ek net yn behanneling nommen. Sadree’tst dyn sollisitaasje ferstjoerd hast, krijst in befêstiging fan ûntfangst. As de reaksjetermyn fan de fakatuere ferstrutsen is, krijst sa gau mooglik berjocht oer it fierdere ferrin fan de proseduere. Ast tuskentiids fragen hast oer de stân fan saken fan in aktuele fakatuere, nim dan kontakt op mei de kontaktpersoan dy’t yn de fakatuere oanjûn stiet.

Iepen sollisitaasjes

Wannear’t der gjin fakatueres fakant binne, dan kinst altyd in iepen sollisitaasje stjoere. Om dy sa goed mooglik helpe te kinnen, soene wy dy freegje wolle om fan de bygeande sollisitaasjelink gebrûk te meitsjen. Dan krijst binnen tsien minuten in befêstiging fan ûntfangst en al dyn ynformaasje wurdt fuortdaliks yn portefúlje opslein. Skriftlike sollisitaasjes wurde om foargeande redenen net yn behanneling nommen.

Iepen sollisitaasje stjoere

Staazjes

Bist op ‘e siik nei in staazjeplak of ôfstudearopdracht? Wy biede ûnderskate mooglikheden oan studinten om harren teoretyske kennis yn de praktyk ta te passen. By ús krigest de mooglikheid om ûnder begelieding ûnderfining op te dwaan of in ôfstudearopdracht út te fieren.

Wolsto staazje rinne by ús organisaasje? Sjoch op it organogram en kies hokker ôfdieling it bêste by dyn stúdzje oanslút. Meitsje dêryn in dúdlike kar en folje it staazjeformulier fia ûndersteande knop yn. Foar in goede ôfhanneling is it fierder wichtich datst yn dit formulier dyn motivaasje oanjoust, wêrom ast by dizze ôfdieling staazje rinne wolst, hokker oplieding ast folgest, yn hokker learjier ast sitst, wat dyn leardoelen binne en yn hokker perioade ast beskikber bist. Do krigest dêrfan in ûntfangstbefêstiging en wy stribje dernei datst binnen 2 wike antwurd op dyn staazjefersyk krigest.

Staazje rinne

Wurkje by de provinsje Fryslân

Sikest in baan by in maatskiplik belutsen en boeiende organisaasje? Wurkje by de provinsje Fryslân is dan faaks wat foar dy. Wurkje by de provinsje Fryslân betsjut wurkje by in útsprutsen organisaasje. Yn ‘e mande mei kollega’s helpst mei oan de takomst fan in moaie wenkrite en in noflik wurkfermidden. De provinsje Fryslân is in organisaasje dy’t in soad omtinken hat foar de persoanlike ûntjouwing fan de eigen wurknimmers. Meiwurkers krije mooglikheden om troch te groeien en karriêre te meitsjen by de provinsje. De sfear is ynformeel en persoanlik.

Aktuele fakatueres

Pagina opties