Programmatische Aanpak Stikstof (PAS)

In tal Natura 2000-gebieten (beskerme natuer) is gefoelich foar delslach fan stikstof. In soad aktiviteiten produsearje stikstof, lykas it oanlizzen fan diken, dongfergêsting en greidbuorkerijen.

Update 08-10-2019

De nije beliedsregels gean op 11 oktober yn. Dizze beliedsregels stelle betingsten oan yntern en ekstern saldearje. Wolle jo in oanfraach yntsjinje? Dan moat jo oanfraach oan die betingsten foldwaan. Hjir fine jo mear ynformaasje oer de nije beliedsregels. 

De meast aktuele ynformaasje en alle keamerbrieven oer de útspraak oer it PAS en de gefolgen dêrfan fine jo op de webside fan BIJ 12 > 

Yntern saldearje

Yntern saldearje betsjut dat je op lokaasje maatregels treffe dy’t de útstjit ferminderje en dêrnei de rjochten op deselde lokaasje brûke om aktiviteiten út te fieren.

Ekstern saldearje

Ekstern saldearje hâldt yn dat je, wannear’t dat mooglik is, op in oar plak (yn de omjouwing) rjochten oernimme om aktiviteiten út te fieren.

ADC-toets

Wannear’t in inisjatyfnimmer gjin gebrûk meitsje kin fan yn- of ekstern saldearje kin der in ADC-toets dien wurde. Dizze toets kin brûkt wurde foar aktiviteiten wêrfoar gjin alternativen binne om it op in oare manier út te fieren, der in twingende reden fan grut iepenbier belang jildt en der kompensearjende maatregels útfierd wurde. Dit is in swiere toets. Om it gebrûk fan de ADC-toets better mooglik te meitsjen, wurdt der in hantrekken opsteld. Dit is yn de Keamerbrief fan 4 oktober (kenmerk: DGNVLG-NP / 19226115) te lêzen.

Online oanfreegje

Jo kinne jo fergunning ienfâldich online oanfreegje. Foar de fergunningoanfraach is ‘e-herkenning’ nivo 2+ nedich.

PAS-fergunning online oanfreegje

Jo betelje de provinsje leezjes foar it yn behanneling nimmen fan in oanfraach foar in fergunning. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it gebrûk fan ús tsjinsten of produkten. De aktuele leezjesbedraggen binne yn de Legesverordening provincie Fryslân te finen.

Kontakt

As jo nei it trochlêzen fan de ynformaasje op de webside fan BIJ12 noch fragen hawwe, of as jo in projekt yn in foaroerlis mei ús trochprate wolle, nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk:  058 - 292 89 95.

Spitigernôch hawwe wy op it stuit noch net op alle oanfragen in antwurd. Wol is it wichtich dat wy ynsichtlik krije hokker fragen der yn Fryslân libje.

Del te laden:

Pagina opties