Rjochtspersoanen mar ek net-rjochtspersoanen sûnder kommersjele ynstek kinne subsydzje oanfreegje foar Ynternasjonale kontakten. It giet om útwikselings en kulturele aktiviteiten dy't organisearre wurde tusken jonge Frysktaligen en Europeeske minderheidstaalgroepen. Der kin oanfrege wurde troch bygelyks skoallen (fuortset ûnderwiis, mbû, hbû), jonge teätermakkers, jonge skriuwers, jonge sjoernalisten, jonge filmmakkers, jonge dichters en jonge muzikanten.  De regeling is iepen fan 1 april 2024 oant en mei 25 oktober 2024. It subsydzjeplafond is € 20.000,-.

Hichte fan it subsydzje

De neikommende kosten binne subsidiabel:

  • a. Reiskosten foar learlingen, dosinten, muzikanten, dichters, skriuwers, teätermakkers foar maksimaal € 450,- de persoan, mei in maksimum fan € 4.500 de oanfraach;
  • b. Ferbliuwskosten foar yn ‘e taalregio foar maksimaal € 70,- de nacht de persoan, mei in maksimum fan fjouwer nachten de persoan, mei in maksimum fan € 2.800;
  • c. Kosten foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten mei fokus op Fryske taal as ien fan de Europeeske talen foar maksimaal € 1.500,- de oanfraach.

Leankosten en kosten foar advystsjinsten binne net subsidiabel.

Oare ynformaasje

De subsydzje wurdt ferdield op basis fan binnenkomst, wêrby ‘t de ûntfangstdatum fêststeld wurdt op de datum wêrop ‘t de oanfraach folslein is. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 3.2 ûnder e fan Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân 2024(eksterne keppeling). It byhearrende subsydzjeplafond(eksterne keppeling)is € 20.000,- Nei't it plafond berikt is, kin gjin subsydzje mear ferliend wurde.

Hoe kinne jo in oanfraach yntsjinje?

Mei ûndersteand oanfraachformulier dat troch Deputearre Steaten fêststeld is foar de regeling. Binnen de iepenstellingstermyn kinne jo it formulier mei de frege bylagen oer de post opstjoere of ôfjaan by de baalje fan it provinsjehûs.

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei de ôfdieling Subsydzjes fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia  provincie@fryslan.frl.

Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.