Subsydzjeregeling Ynsektenetwurk
Inisjatyfnimmers mei projekten rjochte op de ferbettering fan de ynsektestân, kinne fan 27 oktober oant en mei 2 novimber 2021(eksterne keppeling) subsydzje oanfreegje. Yn totaal is der 50.000 euro beskikber.
Achtergrûn
De rykdom oan plante- en bistesoarten yn Fryslân nimt ôf. De provinsje wol dy trend keare en wurket dêrom oan in bioferskaatsprogramma. Hjiryn is net allinnich oandacht foar it ophelpen fan it bioferskaat, mar ek foar ferbining tusken ekonomy, natuer en lânbou, bewustwurding yn de mienskip en kennisoerdracht. Mei dizze subsydzjeregeling(eksterne keppeling) wol de provinsje alfêst inisjativen stypje dy’t hjirby oanslute.
Ynsektenetwurk
De ynsektepopulaasje is de ôfrûne tsientallen jierren ek flink lytser wurden. De gebieten wêr’t it noch wol goed giet mei de ynsekten binne meastentiids isoleare eilantsjes dy’t net goed mei inoar ferbûn binne. De ôfrûne jierren binne der yn de provinsje al ferskate aksjes ûndernommen om de ynsektestân te ferbetterjen. Om dy aksjes better en effektiver te meitsjen, ûntwikkele Van Hall Larenstein in Handreiking Insectennetwerk mei byhearrende Hotspotkaart. Hjiryn stean ynsektehotspots (wêr’t al in soad ynsekten binne) oanjûn, mar ek ‘wite flekken’: plakken wêr’t noch in soad potinsje leit om it bioferskaat en de ynsektestân te ferbetterjen.
Projekten foar it ynsektenetwurk
Yn totaal is der in bedrach fan €50.000,- beskikber. Oant 75% fan de kosten fan in projekt is subsidiabel, ta in maksimum fan €24.500,- . Oanfragen wurde op folchoarder fan ûntfangst behannele en toetst. Allinnich oanfragen dy’t yn de perioade fan 27 oktober oant en mei 2 novimber ynkomme, wurde yn behanneling nommen.
Hokker projekten komme yn oanmerking?
Subsydzje kin oanfrege wurde foar in projekt dy’t him rjochtet op de ferbettering fan de ynsektestân. It projekt moat betrekking hawwe op in yn de Hotspotkaart Insectennetwerk opnommen wite flek.
Hotspotkaart Insectennetwerk(eksterne keppeling)
Laad hjir de Handreiking Insectennetwerk del.
Foarbyld
In projekt dat him rjochtet op it ferbetterjen fan de ynsektestân yn in wite flek, troch dizze flek te ferbinen mei in hotspot út de omjouwing. Dit kin op ferskate wizen, bygelyks fia:
- it meitsjen fan in libbensgebiet foar ynsekten, troch it realisearjen fan lânskipseleminten mei struken en beammen;
- ferskrale fan gerslannen (meane en ôffiere);
- it yntrodusearjen fan lokaal passende plantesoarten;
- it ferheegjen fan de wetterstân.
Oanfreegje
Subsydzje oanfreegje kin troch it formulier del te heljen en yn te foljen. Yn it formulier lêze jo wêr 't jo it ynfolle formulier ynleverje kinne.
Foar wa?
De subsydzje is bedoeld foar organisearre groepen lykas ferieningen, stichtingen, maatskippen of oare oerheden.
Fragen
Hawwe jo fragen oer dizze subsydzjeregeling? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantcontactcentrum fan provinsje Fryslân fia 058 – 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy ferwize jo troch nei de goeie persoan.