Wolsto bydrage oan de brede wolfeart of hasto ideeën oer de nije ekonomy? Fan 16 septimber ôf kinst € 2.500 stipe oanfreegje foar it ûntwikkeljen fan projektideeën dy’t in bydrage leverje oan it mienskiplike doel: lok op 1.

Do krigest dêrneist de unike kâns om in netwurkpetear mei eksperts út it bedriuwslibben en kennisynstellings te fieren. Wy neame dat de ynnovaasjematriks. Ek wurde alle projektideeën oan in meiwurker fan Ynbusiness keppele. Dy begeliedt dy by it petear en de ferfolchaksjes. Wolst witte oft dyn projektidee foar stipe yn oanmerking komt? Nim dan kontakt op mei Ynbusiness: info@ynbusiness.nl / 058 - 76 00 500

Dizze regeling is ûnderdiel fan it provinsjale twadde Werstelpakket ‘Lok op 1: No en Moarn’, dat yn april troch de Provinsjale Steaten fêststeld is.

Meer informatie Innovatiematrix