Jo kinne by Ynbusiness mei al jo ûndernimmersfragen telâne, ek as jo fragen hawwe fanwegen de coronakrisis. Sjoch ek www.ynbusiness.nl.

De wichtichste taak fan Ynbusiness is it stypjen fan ûndernimmers by de ûntwikkeling en groei fan harren bedriuw. De spesjalisten fan Ynbusiness hawwe in breed netwurk yn Fryslân en helpe jo op wei.

Ynbusiness is in mienskiplik inisjatyf fan it bedriuwslibben, de provinsje Fryslân, de F4-gemeenten (Ljouwert, it Hearrenfean, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân), en it Fryske heger en middelber beropsûnderwiis, ferbûn yn it Ynnovaasjepakt Fryslân (IPF).

Ynbusiness is op telefoannûmer 058 - 760 05 00 te berikken. Ek kinne jo in soad ynformaasje op dizze side fine.