Wetterrûte Flylân hat de LF2028-priis yn de regio Fryske Waadeilannen wûn. De wetterrûte is in mienskiplik inisjatyf fan Lab Vlieland en de VVV. Annie Beiboer fan de VVV en Anke Bruin-Kommerij fan Steatsboskbehear krigen de byhearrende sjek fan 2028 euro út hannen fan deputearre Avine Fokkens. It bedrach is in oanmoedigingspriis dy't troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF) yn gearwurking mei LF2028 opset is. Nei alle iepenstellingsperioaden fan it IMF, kiest de sjuery in winner út trije nominearre IMF-projekten de regio. 

Wetterrûte Flylân

Flylân foarsjocht yn eigen ferlet as it giet om swiet wetter! Troch de drinkwetterproduksje op it eilân in tûk ûnderdiel fan de natuerlike wettersirkelgong te meitsjen, is Flylân in prachtich foarbyld fan sirkulêr en takomstbestindich wetterbehear. De Wetterrûte Flylân is in Flylanner projekt om minsken te bewegen, oars te sjen, tinken en dwaan mei it wetter yn harren libben. In op ‘en nij wurdearjen fan wetter dus, troch te learen, te boartsjen en te belibjen. De Wetterrûte is in kuier-, fyts- en bûtensportrûte lâns acht bysûndere wetterlokaasjes op it eilân. De brûkers wurde troch in unike kombinaasje fan edukaasje, sport en rekreaasje útdage om wetter en de natuer op in nije wize te belibjen en harren bewustwêzen oer wetter te fergrutsjen. Op woansdei 15 juny waard de Wetterrûte feestlik iepene.

Sjueryrapport 

De sjuery is entûsjast oer hoe't de Flylanners in wrâldprobleem oerbringe nei de situaasje fan it eilân en dat brûke om besikers wetterbewustwêzen by te bringen. De ferbylding is dêrby in wichtich ûnderdiel. Dêrom hopet de sjuery dat de Bonuspriis ynset wurdt om keunstners te freegjen om de ynteraktive wetterynstallaasjes te ûntwerpen. Sy tinkt dat dit in weardefolle tafoeging op de belibbing fan de besiker is. Ut de selektearre projekten fan de oare fjouwer regio’s hat de sjuery ek in priiswinner keazen. Ek sy krije in bedrach fan 2028 euro. De sjuery bestiet út Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF2028) en Judith Baarsma fan Keunstwurk.