Westeinde fiert 1-jierrich bestean wykauto
De wykauto fan Westeinde yn Ljouwert rydt hjoed presys in jier. Fan 'e middei krige de bewenner dy't koartlyn de 1000ste rit boekte in blomke út hannen fan deputearre Avine Fokkens-Kelder en Milfred Hart, regiodirekteur Arriva. It jubileum waard fierd mei kofje, tee en gebak. Alle frijwilligers fan de wykauto ûntfongen in presintsje as betankje foar harren ynset yn it ôfrûne jier.