Stichting MeM is de winner fan de LF2028-priis yn de regio Noardeast-Fryslân. Hjoed krige Atsje Lettinga fan dy Stichting, de byhearrende sjek fan 2028 euro oerlange. It bedrach is in oanmoedigingspriis dy't troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF) yn oparbeidzjen mei LF2028 opset is. Nei alle iepenstellingsperioaden fan dit subsydzje kiest de sjuery in winner út trije nominearre IMF-projekten de regio. Stichting MeM krige earder fan ’t jier IMF-subsydzje foar it projekt ‘Wâldpykpaad’.

Wâldpykpaad Bûtenpost

It Wâldpykpaad is in rûte foar de echte Wâldpiken dy’t bûten de paden kuierje wolle. Besikers kinne oer de skoupaden fan de Egyptebosk kuierje. Oan rolstoelbrûkers is ek tocht, mei in alternatyf paad. Mei it projekt wol Stichting MeM jonge húshâldens, bern en besikers op unike wize by de (wen)omjouwing behelje. Fia in kuierrûte mei opdrachten leare sy oer de kultuer en it unike kûliselânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden, dêr’t ek de elzesingels en de pingo’s by hearre. It Wâldpykgefoel stiet dêrby sintraal. Mei it subsydzje wurdt û.o. in rûtekaart, edukaasjemateriaal en in digitale audiotoer ûntwikkele.

Sjueryrapport

De sjuery jout yn har rapport de neikommende taljochting: De sjuery is entûsjast oer de wize dêr’t yn dit projekt minsken op oerhelle wurde om mei nije eagen nei harren eigen wenomjouwing te sjen. Kennis fan de natuer yn de eigen leefomjouwing sil bydrage oan de wurdearring dêrfan en it soargjen dêrfoar. It projekt is in moaie gearwurking fan ferskate partijen en biedt in leechdrompelige opstap foar minsken mei in minder kânsrike posysje yn de maatskippij. De sjuery hopet, dat de Bonuspriis bydraacht oan moai foarmjûn byldmateriaal foar natuer- en miljeu-edukaasje. Ut de selektearre projekten fan de oare fjouwer regio’s hat de sjuery ek in priiswinner keazen. Dy krije elk ek in bedrach fan 2028 euro. De sjueryleden binne Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF 2028) en Judith Baarsma fan Keunstwurk.

Twee personen houden de cheque vast staande in een natuurgebied
Lid fan de advyskommisje ( Advyskommisjeleden binne fertsjintwurdigers út de regio dy't de IMF-projekten beoardielje oan de hân fan ferskate kritearia. Sy drage ek de trije nominearren foar de LF2028-priis foar) Berber Dedden(r) langet de sjek fan 2028 euro oer oan Atsje Lettinga(l), foarsitter fan Stichting MeM.