Der is in soad om te dwaan, it mjitten en monitoaren fan stikstof. Dêrom organisearret provinsje Fryslân in gearkomste op tiisdei 13 septimber fan 19:30 - 22:00 oere. Dizze gearkomste is foar elkenien dy't dat wol digitaal te folgjen. Yn de gearkomste sille trije saakkundigen (ekstern) ynformaasje en útlis jaan oer it mjitten en monitoaren fan stikstof, taspitst op de hjoeddeiske situaasje yn Fryslân.

It programma foar de jûn sjocht der sa út:

  • 19:20               Teams link wurdt úteinset
    19:30               Yntroduksje troch mefr. Irene van Dorp & dhr. Henk Smit
    19:40               Iepening gearkomste troch deputearren Klaas Fokkinga en Douwe Hoogland
    19:50               Presintaasje troch dhr. professor emeritus Leen Hordijk
    20:25               Presintaasje troch dhr. professor emeritus Han Lindeboom
    21:00               Presentatie door dhr. professor emeritus Rudy Rabbinge
    21:35               Ofsluting troch deputearren Klaas Fokkinga en Douwe Hoogland
    21:45               Ta beslút troch mefr. Irene van Dorp & dhr. Henk Smit
    22:00               Ein

Gearkomste digitaal bywenje(externe link)

Slagget it net om de link te iepenjen? Nim dan kontakt op mei Niels Geelhoed fia telnr. 0317 -465439

De sprekkers stelle harren graach alfêst oan jo foar:

  • Henk Smit

    Jûnsfoarsitter | Wat my boeit as partner by Wing binne prosessen mei bestjoerlike spanning, it betrouwen skeppe tusken belanghawwenden en it kreëarjen fan romte foar kreativiteit en fernijing.

  • Irene van Dorp

    Jûnfoarstitter | As adviseur by Wing bin ik op myn bêst as ik komplekse, maatskiplike fraachstikken mei meardere partijen begeliede mei.

  • Prof.dr. Leen Hordijk

    Sprekker | Direkteur fan it IIASA, dat wittenskiplik ûndersyk docht op tal fan terreinen dy 't it tema duorsumens reitsje. Dêrneist is er heech learaar mei bûtengewoan ferlof fan de Wageningen Universiteit.

  • Prof.dr. Han Lindeboom

    Sprekker | Emeritus-heechlearaar ekology en wetterbehear oan de Wageningen Universiteit en hat de ‘Focusgroep Stikstof’ mei oprjochte.

  • Prof.dr.ir. Rudy Rabbinge

    Sprekker | Is in Nederlânsk agronoom, politikus en heechlearaar oan de Wageningen Universiteit.

  • Deputearre Klaas Fokkinga

    Sprekker | Deputearre fan de provinsje Fryslân mei ûnder oare yn syn portefúlje; agrarysk Fryslân, lânbou en de oanpak stikstof. Bestjoerder en politikus fan de FNP.

  • Deaputearre Douwe Hoogland

    Sprekker | Deputearre fan de provinsje Fryslân mei ûnder oare yn portefúlje; wetter, boaiem, natuer en bioferskaat. Bestjoerder en politikus fan 'e PvdA.

De gearkomste wurdt organisearre fia Teams en wurdt opnommen sadat dy op in letter momint werom te sjen is. Mear ynformaasje oer de Fryske oanpak stikstof lêze jo op www.fryslan.frl/stikstof. Dêr kinne jo meikoarten ek dizze gearkomste en antwurden op fragen dy't steld binne yn de chat weromfine. 

Graach oant sjen op tiisdei 13 septimber om 19:30 oere.