Útjaan fan Frysktalige literatuer
Dizze regeling is sletten.
Fan 4 septimber 2023 ôf oant en 12 oktober 2023 (twadde iepenstelling) is it mooglik om subsydzje-oanfragen yn te tsjinjen foar it útjaan fan Frysktalige boeken. It kin gean om printe boeken, om digitale boeken mar ek om audio- of harkboeken. It subsydzjeplafond(eksterne keppeling)is € 72.000,- foar de twadde iepenstelling.
De betingsten kinne jo lêze yn paragraaf 2.6 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân(eksterne keppeling).Yn dizze regeling kinne útjouwerijen of in (streektaal)organisaasje subsydzje oanfreegje foar boeken yn de Fryske taal dy’t sy binnen it jier útjouwe.
Hoe tsjinje jo in oanfraach yn?
Jo stjoere by it iepenstellen fan de regeling it oanfraachformulier de post op of jo kinne it oanfraachformulier ôfjaan by de baalje fan it provinsjehûs. Jo meie foar 6 titels de iepenstelling oanfreegje. Jo moatte it ûndersteande oanfraachformulier brûke. Tink derom dat jo it oanfraachformulier fan 2023 brûke en net fan foargeande jierren.
Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje oer de regeling Útjaan fan Frysktalige literatuer kinne jo kontakt opnimme mei ús 058 – 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.