Gearfetting

Binne jo fan doel yn de grûn te graven? Dan hawwe jo yn in soad gefallen in útgraaffergunning nedich. Jo freegje dy fergunning by de provinsje Fryslân oan.

Omskriuwing

Utgrave betsjut dat jo yn de grûn grave. Dat jildt foar it lân likegoed as de wetterboaiem.

In soad aktiviteiten wêrby’t yn de grûn groeven wurdt, binne in útgraving. Foarbylden binne:

  • sânwinning;
  • wetterberging;
  • oanlis fan in haven;
  • boaiemferleging foar natuerûntwikkeling;
  • it graven fan in sleat of wetterpartij;
  • it djipploegjen fan lânbougrûn.

Foar in útgraving hawwe jo in fergunning nedich, ek as jo de boaiem tydlik ferleegje.

In fergunning is nedich, omdat in útgraving effekten op de omkriten hawwe kin. Sa kin de grûnwetterstân feroarje en kinne der gefolgen foar planten en bisten wêze. Ek moat sjoen wurde nei de stabiliteit fan wâlen en kaden en moat ûndersocht wurde oft der gjin argeologyske boaiemskatten fernield wurde. Dêrneist kin de útfiering fan in útgraving foar oerlêst en hinder soargje. Tink mar oan lûd, stof en trillingen en it ôf en oan rieden fan frachtauto’s.

Alle belangen dy’t in rol spylje by in útgraving, beoardielje wy by de oanfraach fan in útgraaffergunning.

Yn in tal gefallen is in fergunning foar it útfiering fan in útgraving net ferplichte. Dy frijstellingen steane yn de Ontgrondingenverordening Friesland(eksterne keppeling).

Sille jo graafwurk útfiere? Nim dan kontakt mei de FUMO op.

Kontakt

Foar mear ynformaasje en/of fragen kinne jo by it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân telâne of by de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO).(eksterne keppeling)

Jo kinne jo oanfraach digitaal by de provinsje Fryslân yntsjinje mei ûndersteande link:

Oanfraach fergunning op grûn fan Ontgrondingenwet

Taljochting Oanfraachformulier

Termyn

As de standertproseduere folge wurdt, nimt de provinsje binnen 6 moanne in beslút oer jo oanfraach. Foar lytse útgravings kin yn guon gefallen in ynkoarte proseduere folge wurde. Yn dat gefal nimt de provinsje binnen 16 wike in beslút.

Kosten

As in fergunningoanfraach yntsjinne wurdt by de provinsje, binne jo de provinsje fergoedingen skuldich.. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it gebrûk fan ús tsjinsten. De kosten (leezjes) binne ôfhinklik fan de grutte  fan de útgraving en publikaasjekosten. De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.

Wet- en regeljouwing