Untwerp fan de wizigingsferoardering Omgevingsverordening en Waterverordening fêststeld
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat op 17 jannewaris 2023 it ûntwerp fan de wizigingsferoardering Omgevingsverordening en Waterverordening fêststeld.
De tekst fan de wizigingsferoardering kinne jo hjir rieplachtsje. Boppedat is in konsolidearre ferzje opsteld. Dizze konseptferzje kinne jo hjir rieplachtsje. Fan jannewaris 2024 ôf is der in definitive ferzje beskikber.
Sjenswizen
It ûntwerp fan dizze wizigingsferoardering lei op besjen fan 23 jannewaris 2023 oant en mei 6 maart 2023. Yn dizze perioade koene ynwenners reagearje op dit fêststelde ûntwerp.
Wichtichste wizigingen op in rige
Yn dizze wizigingsferoardering wurde, njonken in pear technyske saken, in pear ynhâldlike ûnderwerpen oanpast. Ynhâldlik binne dit de wichtichste punten:
Ferkringingsrige wetter
De Iselmar is, tegearre mei de Markermar, de wichtichste swietwetterbuffer fan Nederlân. Mei behearmaatregels soarget de oerheid foar optimaal behear fan dizze bufferfoaried. Dêroer binne ôfspraken makke dy't fêstlein binne yn de Bestjoersoerienkomst Wetterferdieling regio Iselmargebiet. Dy ôfspraken geane oer hoe't it swiete wetter út de Iselmar en de Markermar ferdield wurdt nei de ferskate provinsjes en wetterskippen. Underdiel fan de ôfspraken is ek de saneamde ferkringingsrige. Yn de ferkringingsrige wetter binne de foarrangsregels opnommen foar it brûken fan wetter yn tiden fan drûchte. Yn de hjoeddeistige Wetterferoardering en yn de Omjouwingsferoardering is al in ferkringingsrige opnommen. Dy wurdt no aktualisearre.
Omdat de nije ferkringingsrige sa gau mooglik tapast wurde kin, is derfoar keazen om sawol de Wetterferoardering as de Omjouwingsferoardering oan te passen. Op it stuit is de ferwachting dat de Omjouwingswet op 1 july 2023 yngean sil, mar wis is dat net. De Omjouwingsferoardering giet tagelyk mei de Omjouwingswet yn. Troch de oanpaste ferkringingsrige ek yn de Wetterferoardering op te nimmen kin dy nei beslútfoarming troch Provinsjale Steaten om de simmerperioade hinne jilde.
Untgrûnings
Yn de hjoeddeistige Ontgrondingenverordening is in meldplicht foar ûntgrûnings opnommen. Dy meldplicht is net yn de Omjouwingsferoardering opnommen. Yn dizze Wizigingsferoardering wurdt de meldingsplicht foar ûntgrûnings, sa't dy no yn de Untgrûningsferoardering Fryslân stiet, noch yn de Omjouwingsferoardering opnommen, omdat dy by neier ynsjen dochs net mist wurde kin. De meldingsplicht is winske om yn it fjild adekwaat tafersjoch hâlde te kinnen. Mei in melding kinne tafersjochhâlders mei doel it fjild yn om te kontrolearjen op yllegale ûntgrûnings. Dat soarget derfoar dat de tiidsbesteging effektiver ynrjochte wurdt, omdat troch meldings der doelbewuste oanwizings binne foar ûntgrûningsaktiviteiten yn de provinsje Fryslân.
Wadi fergunningsfrij
Yn it ûntwerp fan de wizigingsferoardering Omjouwingsferoardering is nij dat in wadi fergunningfrij wurdt. In wadi is in opslach- en ynfiltraasjefoarsjenning, dy't tydlik fol wêze kin mei himelwetter. Sa'n 25 jier lyn waarden wadi's yntrodusearre yn Nederlân as oplossing foar in rioelearringsprobleem oangeande de ôffier fan reinwetter.
De Ontgrondingenverordening Friesland is út 1996 en hat gjin rekken hâlden mei dizze doe noch nije ûntwikkeling. Foar de oanlis fan in wadi sil in wat oerflakte en djipte oanbelanget beheind ûntgrûnjen nedich wêze, dy't amper of gjin gefolgen hat foar de omkriten. Sa’n ûntgrûning kin dêrom frijsteld wurde fan de fergunningplicht. Foar in wadi fan 3.000 m3 ôf moat in melding dien wurde, lykas ek by de oare frijstellingen it gefal is.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.