Undertekening yntinsjeferklearring Underwiisakkoart Fryslân
Hjoed ûndertekenen de bestjoerders fan ûnderwiisynstellings NHL Stenden, Firda, Aeres, Hogeschool Van Hall Larenstein, Rijksuniversiteit Groningen en de provinsje Fryslân mei-inoar de yntinsjeferklearring mei dêryn ôfspraken om flot ta in Underwiisakkoart Fryslân te kommen. Yn dat akkoart wurdt konkreet fêstlein hoe't dy partijen mei-inoar de ûntwikkeling fan Fryslân fersterkje wolle.
Deputearre Friso Douwstra: “Dit momint markearret de winsk fan alle ynstellings om mei-inoar, mei mear fokus, it middelber en heger berops- en wittenskiplik ûnderwiis foarm te jaan en studinten better oanslute te litten op de Fryske arbeidsmerk. De Fryske ûnderwiisynstellings witte inoar hieltyd better te finen.”