Bewenners en besikers fan Fryslân moatte harren feilich en flot ferpleatse kinne. Dêrom ynvestearren wy de ôfrûne jierren yn it Fryske wegenet. De N354 tusken Snits en Ljouwert is, nei de oanlis fan de Heak om Ljouwert en de Sintrale As en de ferbettering fan de N381, it grutste besteande knyppunt op provinsjale diken. De maksimale snelheid is 80 kilometer yn 'e oere. Wy ûndersykje hoe 't wy dizze dyk ferbetterje kinne.

We troffen de ôfrûne jierren al ferskate maatregels op de N354 tusken Snits en Ljouwert. Sa pakten we ferline jier it stik by Tsienzerbuorren oan. De dyk troch de buorskip is feiliger makke troch it in mear doarpske útstrieling te jaan. Dit jier begjinne we mei de oanlis fan twa ovondes by de ôfslach nei Raerd en Easterwierrum. Zo maken we de weg van Sneek tot de A 32 stapsgewijs veiliger.

Een auto op de weg met op de achtergrond een boerderij en de voorgrond de berm met paaltjes

It ûndersyk

We wolle witte oft de N354 it ferkear ek yn de takomst oan kin. Miskien binne der oanfoljende maatregels nedich om de dyk takomstbestindich te meitsjen. Dêrom hawwe wy ûndersyk dien nei de dyk en it ferkear op dizze dyk. Gemeenten Súdwest-Fryslân en Ljouwert tochten mei ús mei. Yngenieursburo Roelofs fierde it ûndersyk út.

It ûndersyk bestiet út twa dielen. Earst ûndersochten wy op hokker wize minsken reizgje tusken Snits en Ljouwert. We seagen net allinnich nei it ferkear op de N354, mar ek nei it ferkear op oare diken yn de omjouwing. Ek it reizgjen mei de trein en de fyts ha we meinaam. Dat neame wy hjirûnder it ferpleatsingsûndersyk. Dêrneist fregen wy weibrûkers en minsken út de omjouwing om in enkête yn te foljen oer hoe 't sy de dyk belibje.

Ferpleatsingsûndersyk

Om ynsjoch te krijen yn hoefolle ferkear alle dagen oer de N354 rydt hawwe wy it tal auto's teld. Ek ûndersochten wy wêr 't it ferkear wei kaam. Hjirfoar brûkten we anonime data fan Tom-navigaasjesystemen. Wy seagen nei it tal ûngemakken en nei de uterlike skaaimerken fan de dyk. Troch al dizze data te kombinearjen hawwe wy in goed byld fan it ferkear op de N354 krigen. Mei help fan takomstmodellen makken wy in ynskatting fan de groei fan it ferkear rjochting 2040.

Belibbingsûndersyk

Mei in enkête fia social media ûndersochten wy hoe 't weibrûkers en minsken út de omjouwing de N354 en it ferkear op de dyk belibje. Dêrneist holden wy ynterviews mei leden fan doarpsbelangen. Mear as twatûzen minsken diene mei oan it belibbingsûndersyk.

Utkomsten fan it ûndersyk

Op dit stuit ride der tusken de 11.000 en 12.000 auto's deis oer de N 354. It grutste part fan dit ferkear komt út Fryslân. In soad ferkear brûkt de dyk as ferbining tusken Snits en Ljouwert (en omjouwing). Dat makket de N354 in wichtige dyk foar de regio. Neist it brûken fan de auto as ferfiermiddel reizgje ek in soad minsken mei de trein. Oare ferfiermiddels, lykas de fyts, wurde minder faak brûkt om tusken beide stêden te reizgjen.

Hier staat de verkeersintensiteiten ter vergelijking in
Een diagram waarop de procenten staan van het gebruik van diverse vervoersmiddelen

Mear ferkear op de N354 yn de takomst

We ferwachtsje dat it ferkear op de N354 tanimt. Nei ferwachting ride der yn 2040 sa 'n 13.000 oant 14.000 auto's deis oer de dyk. Dat binne twatûzen mear as no. Ut it ûndersyk docht bliken dat de besteande dyk dizze stiging fan it ferkear oan kin. Wol binne oanfoljende maatregels nedich om derfoar te soargjen dat de dyk feilich is en bliuwt. Om de trochstreaming fan it ferkear te ferbetterjen, sadat it ferkear flot oer de N354 ride kin, soe de snelheid omheech moatte nei 100 kilometer yn de oere. Om de hiele dyk geskikt te meitsjen as autodyk binne mear yngripende maatregels nedich.

Belibbing fan de N354

Yn it belibbingsûndersyk is ûnderskied makke tusken de Blankendalwei (it part tusken Snits en Dearsum) en de Snitserdyk (it part tusken Dearsum en de A32 ). Ut de enkête docht bliken dat weibrûkers en minsken út de omjouwing foaral de Snitserdyk as ûnoersichtlik en gefaarlik belibje. Ek oerhearsket it gefoel dat it ferkear op de hiele dyk net flot trochride kin. De winsk om feilich én flot nei fan Snits nei Ljouwert ride te kinnen is der wol. Ut figuer 4 docht bliken dat de ûnderfregen njonken in feiligere N354 ek in koartere reistiid winskje. Oandachtspunt is wol de leefberens yn de direkte omjouwing. De Blankendalwei is yn figuer 3 rôze, de Snitserdyk blau.

Een overzicht met wat de mienskip vindt van bepaalde zaken

Mooglike maatregels

Yn it ûndersyk hawwe wy as lêste in earste ferkenning dien nei maatregels dy 't wy mooglik nimme kinne om it ferkear, ek yn de takomst, feilich en flot oer de N354 ride te litten. Foarbylden fan dizze maatregels binne: dykferlizzing en rommere bochten, feiligere bermen en nije belijning. Ek it brûken fan nije technologyen en it stimulearjen fan it brûken fan de fyts en it iepenbier ferfier kin in oplossing wêze. Op dit stuit is noch net bekend hokker kombinaasje fan maatregels de foarkar hat.

Enquete wat er volgens de mienskip verbeterd moet worden

Hoe fierder?

Dit ûndersyk is klear. We ha in goed byld fan de situaasje op en om de N354 hinne tusken Snits en Ljouwert no, en foar de takomst. It is mooglik om sawol de ferkearsfeiligens as de trochstreaming fan it ferkear op de N354 te ferbetterjen. Hoewol 't de dyk de ferwachte stiging fan it ferkear oan kin, binne der wol yngripende maatregels nedich om benammen de trochstreaming flink te ferbetterjen.

Dit ûndersyk is in earste ferkenning. Mei de útfiering fan dit ûndersyk hat Deputearre Steaten foldien oan wat der yn it provinsjale Bestjoersakkoart 2019 -2023 beskreaun stiet. Deputearre Steaten stjoert de befiningen troch nei Provinsjale Steaten. It is oan Provinsjale Steaten om te bepalen oft dit ûndersyk in ferfolch krije moat en hoe 't dit ûndersyk derút sjen sil.

Binne jo benijd nei alle útkomsten fan it ûndersyk? Gean nei www.roelofsgroep.nl/n354(externe link) / Lês(externe link) it folsleine rapport(externe link).

Kontakt

Hawwe jo fragen of opmerkingen oer dit ûndersyk? Dan kinne jo kontakt opnimme fia provincie@fryslan.frl of belje nei 058 - 292  59 25 fan moandei oant en mei freed op kantoaroeren.