Provinsje Fryslân stelt mei it twadde Werstelpakket ‘Lok op 1: No en Moarn’ €10 miljoen ekstra beskikber om bedriuwen en organisaasjes te stypjen. It ekstra jild is ornearre as oanfoljende needhelp boppe-op ’e maatregels fan it Ryk en ’e al oanpaste provinsjale regelingen. De regelingen wurde op dit stuit útwurke. Hâld dizze side yn ‘e gaten foar mear ynformaasje en iepenstellingen.

It pakket bestiet út in No- en Moarn-ûnderdiel

Mei it No-ûnderdiel krijt de Fryske ûndernimmer de kâns om syn takomstmooglikheden te ferbetterjen. Tink dêrby oan it staazjesubsydzje, it subsydzje foar lytse kulturele inisjativen om kultuermakkers te stypjen, in kaartsjeregeling om it meitsjen en programmearjen fan foarstellingen mooglik te meitsjen en ekstra aktiviteiten foar kwetsbere groepen om de leefberens yn doarpen en wiken te stimulearjen.

Yn it Moarn-ûnderdiel giet it benammen om struktuerfersterking, dy’t realisearre wurde troch mienskiplike útdagings te organisearjen en sa ynnovative oplossings foar maatskiplike problemen en perspektyf foar de takomst te finen. Sa wurde wichtige fragen oanpakt en komt Fryslân sterker út ‘e krisis.

Mear staazjemooglikheden foar MBO-studinten yn de koroanapandemy

It is wichtich foar studinten om staazje te rinnen. Dat is in wichtige stap op it wurkpaad fan de jongerein. Krekt yn dizze drege koroanatiid wolle jonge minsken wurkje oan harren ûntwikkeling. Mar staazjes moatte dan wol beskikber wêze. Learbedriuwen dy’t staazjeplakken oan MBO-studinten yn in Berops Opliedend Learwei-trajekt (BOL) oanbiede, kinne dêrom subsydzje oanfreegje. Der is 1.250 euro it staazjeplak beskikber.

It subsydzje is fan 1 july ôf fia Samenwerkingsverband Noord-Nederland oan te freegjen

Subsydzjeregeling ferbliuw en groepsekskurzje 2021

Skoallen dy’t harren wurkwike by in Fryske groepsakkommodaasje boeke of edukative dei-ekskurzje organisearje litte, kinne dêr subsydzje foar oanfreegje út de regeling ‘Subsidieregeling verblijf en groepsexcursie 2021’. Dy subsydzjeregeling makket ûnderdiel út fan it twadde werstelpakket ‘Lok op 1: No en Moarn’ fan de provinsje.

It subsydzje kin oant 1 novimber 2021 oanfrege wurde. De te subsidiearjen aktiviteit moat yn de perioade fan 1 juny 2021 oant en mei 1 juny 2022 syn beslach krije. Skoallen kinne foar mear ynformaasje terjochte op: www.fryslan.frl/verblijfenexcursie 

Toerisme Collectief Friesland (TCF) soarget derfoar dat belangstellende skoallen en ûndernimmers mei elkoar yn kontakt komme. Skoallen dy't yn kontakt komme wolle mei Fryske groepsakkommodaasjes kinne harren oanmelde.

Aanmelden

Nije subsydzjeregeling foar ynnovative ûndernimmers

Fan 28 juny 2021 ôf kinne ûndernimmers op ‘en nij subsydzje oanfreegje foar it fierder ûntwikkeljen fan ynnovaasjes. De subsydzjeregeling nije ekonomy challenge kin ynset wurde om leankosten, advyskosten en materiaalkosten by ynnovative projekten foar in part te fergoedzjen.

In moai foarbyld is Elzinga & Van der Krieke yn Drachten, sy binne spesjalisearre yn ûnder oaren ‘spuitgieten. Mei in eardere subsydzje koe dit bedriuw in masine ûntwerpe dy’t brûkt wurde kin om opslachbakken te meitsjen fan eigen bedriuws ôffal. Direkteur Wietse Elzinga: "Subsydzje kin it ferskil meitsje tusken ûndersyk en produksje yn Nederlân of net."

Omdat koroana in grutte ympakt hat op ús sûnens, mar ek brede wolfeart, sjogge wy mei-inoar nei in ynnovative takomst. Undernimmers kinne dêrom gebrûk meitsje fan ferskate finansjele regelingen út it werstelpakket Lok op 1: No en Moarn.

Subsydzje oanfreegje

De regeling is op in oantal ynhâldlike punten oanpast. It subsydzjepersintaazje is 50% yn stee fan 70% by de eardere regeling. Ek is it oantal transysjes dêr`t de projekten oan bydrage moatte werombrocht fan 5 nei 3. Projekten dy’t bydrage oan de transysje fan ‘lineêr nei sirkulêr’, fan ‘fossile brânstof nei fernijbere enerzjy’ en fan ‘soarch nei previntive sûnens’ komme yn oanmerking foar de nije regeling.

Koroana-aksjeplan gastfrijheidsekonomy (Oardelmeter-regeling)

Sûnt 13 july 2020 kinne ûndernimmers yn de Fryske rekreaasje- en toerismesektor by de provinsje Fryslân in bedrach út de Oardelmeter-regeling oanfreegje. Mei-inoar kinne bedriuwen oant trije kear ta € 1.500 subsydzje oanfreegje foar oanpassings dy’t sy foar de oardelmeter-ekonomy dwaan moatte. Dêrby wurdt wol de betingst steld dat it by elk fan dy oanfragen om in oare aktiviteit gean moat.

Op 20 oktober 2020 hawwe Deputearre Steaten besletten de regeling út te wreidzjen. Sa kinne mear ûndernimmers yn de Fryske rekreaasje- en toerismesektor subsydzje út de provinsjale ‘Subsydzjeregeling COVID-19 maatregels VTE-sektor Fryslân’ oanfreegje.

Mei-inoar is der foar dat aksjeplan foar it befoarderjen fan de kwaliteit en de fitaliteit fan de gastfrijheidsekonomy op koarte termyn € 900.000 beskikber steld. Oant no ta is foar goed 5 ton oan stipe oanfrege. Dat betsjut dat der noch genôch romte foar nije oanfragen beskikber is. Jo kinne jo oanfraach noch oant 1 oktober 2021 yntsjinje.

Mear ynformaasje of oanfreegje

Mei yngong fan 5 july 2021 wurde alve nije groepen ûndernimmers yn de gastfrijheidsekonomy talitten oant dizze regeling.

De oan dizze regeling tafoege doelgroepen binne wurksum yn de sektor rekreaasje & toerisme, mar hawwe ek in link mei oare sectoren lykas bygelyks kultuer. Om dy reden wiene hja earder net opnommen yn dizze subsydzjeregeling. No blykt dat der noch finansjele romte beskikber is, is besletten dizze doelgroepen noch oan dizze regeling ta te foegen.

It giet om bedriuwen dy mei de folgjende SBI koade by de Keamer fan Koophandel ynskreaun stean:

  • 49.39.1            Ongeregeld besloten busvervoer
  • 59.14               Bioscopen
  • 82.30               Organiseren congressen en beurzen
  • 85.51               Sport- en recreatieonderwijs
  • 85.51.9            Overige sport- en recreatieonderwijs
  • 90.04.1            Theaters en schouwburgen
  • 90.04.2            Evenementenhallen
  • 91.02.1            Musea
  • 91.02.2            Kunstgaleriën- en expositieruimten
  • 91.04.1            Dieren-, plantentuinen en kinderboerderijen
  • 93.12.9            Overige buitensport

De regeling rint noch oant en mei 1 oktober 2021. Oanfreegje fan de regeling kin fia www.snn.nl.