Yn jannewaris 2022 feroaret der it ien en oar yn de tsjinstregeling fan it iepenbier ferfier. Troch koroana binne reizgerspatroanen feroare. Dêrom wurde der maatregels naam. Dy maatregels komme fuort út it transysjeplan iepenbier ferfier Fryslân, dat op 30 maart 2021 troch Deputearre Steaten fêststeld is. Mei it transysjeplan stribje wy nei in takomstbestindich iepenbier ferfier yn Fryslân nei koroana.

Fermindering fan it tal reizgers

Op it stuit leit it tal reizgers sa'n tritich persint leger yn ferliking mei it tal reizgers yn deselde perioade yn 2019. Nei’t ferwachte wurdt reizgje ek yn 2022 noch hieltyd minder minsken mei it iepenbier ferfier. Earst yn 2025 sitte de reizgersoantallen op itselde nivo as foar koroana, is de ferwachting. Dêrom is it nedich om kostebesparjende maatregels te nimmen. Dêrneist is it nedich om ferbetteringen yn it iepenbier ferfier troch te fieren om it foar de reizgers oantrekliker te meitsjen. Maatregels binne ûnder oare: it skrassen fan ritten en/of linen mei mar in pear reizgers, it ynkoartsjen fan linen, it sprieden fan reizgers yn it iepenbier ferfier en it frekwinter riden fan bussen op haadferbiningen om reizgers yn it iepenbier ferfier werom te krijen.

De maatregels

Skrassen fan ritten/linen

Provinsje Fryslân wol foarkomme dat der bussen ride dy 't hast leech binne. Wy sjogge dêrom kritysk nei ritten mei minder as fiif reizgers. It riden mei lytsere bussen (bygelyks linetaksys) of it tapassen fan fernijde mobiliteitskonsepten lykas de Arriva Vlinder kin in oplossing wêze. It opheffen fan ritten/linen mei mar in pear reizgers is ek in opsje.

Ynkoartsjen fan linen

Yn it netwurk fan linen binne der mooglikheden om guon linen yn te koartsjen. It ynkoartsjen fan linen hâldt yn dat de bussen net mear troch doarpen ride, mar der lâns. Dat soarget foar koartere reistiden. Oft it ynkoartsjen fan linen mooglik is, hinget ôf fan it tal ynstappers de halte. Dêrneist sjogge wy nei alternativen foar reizgers, lykas oare halten op rinôfstân. Is dat net it gefal is dan ûndersykje wy maatwurkoplossings, lykas de Opstapper. Op plakken dêr't dat mooglik is geane wy mei de gemeente en bewenners yn petear oer ynfrastrukturele oanpassings op detailnivo, lykas it oanbringen fan ekstra ferljochting lâns de dyk of it kiezen fan it krekte plak fan de halten en fytsestallingen. Ofhinklik fan dy oanpassingen kin it ynkoartsjen fan linen yn fazen syn beslach krije.

Sprieden fan reizgers

Foar koroana wie der yn Fryslân sprake fan piken yn de spits yn it iepenbier ferfier. As gefolch fan koroana binne der goede ôfspraken makke oer it mear sprieden fan skoalbern en studinten yn it iepenbier ferfier. Dêrneist wurkje forinzen faker thús. Dêrtroch binne der yn de spits somtiden minder bussen nedich.

Mear bussen op haadferbiningen en goede oansluting op knyppunten

Om it tal reizgers no en yn de takomst oan te kinnen sette wy mear bussen yn op haadferbiningen. De ferbining tusken bus en trein ferbetterje wy troch buslinen oanslute te litten op treinstasjons op saneamde oerstapknyppunten. Dêrmei foarkomme wy dat bussen en treinen tagelyk fuortride fan dizze knyppunten.

Wolle jo witte wat der foar jo feroaret yn jo reis mei it iepenbier ferfier? Klik hjirûnder op jo gemeente en besjoch de wizigingen oan de hân fan kaartsjes mei taljochting.

Gemeente Dantumadiel

De Westereen

De rûte fan line 62 op De Westereen wurdt ynkoarte. De halten ‘De Greiden’, ‘Noarderstasjonsstrjitte’, ‘Skoallestrjitte’ en ‘Tsjerkestrjitte’ ferfalle. Oan de Foarstrjitte by de supermerk en oan de eastkant fan it doarp komme nije halten. De besteande halte 'Foarstrjitte West' bliuwt yn gebrûk. De trein kin foar reizgers in alternatyf wêze.

Gemeente Waadhoeke

    Bitgum, Bitgummole en Ingelum

    De rûte fan busline 71 en 74 wurdt ynkoarte, sadree't de nije bushalten foar Ingelum oan de N383 klear binne. Nei ferwachting is dit fan desimber 2022 ôf. De doarpen Bitgum, Bitgummole en Ingelum hawwe fan dat stuit ôf elk in halte oan de provinsjale dyk N383. De besteande bushalten yn en om de trije doarpen hinne ferfalle. De nije line 74 biedt foar de doarpen in streekrjochte ferbining mei Frjentsjer. Yn Marsum ferpleatse wy de halte oan de Bitgummerdyk nei de Ljouwterdyk. Dêrneist komt der in nije halte oan de súdkant fan it doarp (krusing Rypsterdyk / Bokmasingel ).

    Tsjummearum

    De buslinen fan en nei Frjentsjer ride tenei fan Tsjummearum ôf fierder rjochting Minnertsgea en net mear rjochting Seisbierrum. Reizgers tusken Seisbierrum en Frjentsjer moatte tenei yn Tsjummearum oerstappe. By de krusing fan de Kade mei de Buorren komt in ekstra halte. De eksakte lokaasje fan de halte kieze wy yn oerlis mei de bewenners.

    Seisbierrum en Pitersbierrum

    De rûte fan busline 71 wiziget. Line 71 rydt tenei oer de provinsjale dyk N393 (Hearewei ). De halten ‘Tsjerk Hiddesstrjitte’ en ‘Walburgastrjitte’ yn Seisbierrum en de halte ‘Van Hottingawei’ yn Pitersbierrum ferfalle. Reizgers út Seisbierrum kinne gebrûk meitsje fan de besteande halte oan de Hearewei en yn Pitersbierrum oan de Hearewei lizze wy in nije halte oan. De bussen stopje tydlik by de besteande haltekommen oan de Hearewei, oant de nije halten klear binne.

    Gemeente Súdwest-Fryslân

    Wommels

    De rûte fan line 92 wurdt ynkoarte. Dêrmei wurdt ek de rûte fan line 192 ynkoarte. De halten ‘Hottingawei’, ‘De Terp’, ‘Walpert’ en ‘Kubaard Berkwerterleane’ ferfalle. De besteande halte oan de provinsjale dyk is tenei de sintrale halte foar Wommels. Dêr komt in fytsestalling foar mear fytsen as dat no it gefal is.

    Gemeente Noardeast-Fryslân

    Ljussens, Moarre en Wierum

    Lijntaxi 552 ferfangt busline 52. De rûte wiziget wêrtroch't de wichtichste doarpen in fluggere ferbining mei Dokkum krije. Lijn 52/552 komt net mear troch de neikommende doarpen:

    • Ljussens. De ôfstân oant de halte oan de provinsjale dyk by Moarre is 1500 meter. As alternatyf biede wy De Opstapper oan;
    • Moarre. De ôfstân oant de halte oan de provinsjale dyk by Moarre is 500 meter. As alternatyf biede wy De Opstapper oan;
    • Wierum. As alternatyf biede wy De Opstapper oan.
    • Eanjum. Der is alle oeren in fluggere ferbining nei Dokkum mei line 55;
    • De Skâns. As alternatyf biede wy De Opstapper oan.

    Dokkum

    Busline 51 sil yn Dokkum deselde rûte ride as de oare streeklinen. Busline 51 komt net mear lâns de halten ‘Zwaluwstraat’, ‘Dongeraheem’, ‘Harddraversdijk’, ‘Bocksmeulen’, ‘Drs. S. van Tuinenleane’, ‘Woudpoort’, ‘Bronlaan’ en ‘Dockaheem’. Reizgers kinne gebrûk meitsje fan de besteande halten oan de Rûnwei. Yn 'e mande mei de gemeente sjogge wy oft der genôch romte is om fytsen by de halten ‘Sionsberg’ en ‘Plysjeburo’ del te setten. As it nedich is wreidzje wy dy fytsestallingen út.

    Holwert

    Fan desimber ôf ride buslinen 150 en 154 tusken Holwert en Ternaard om fia de provinsjale diken N356 en N358. Dizze linen ride yn Holwert net mear troch it doarp, op fersyk fan in tal oanwenners. De halte ‘Stasjonswei’ ferfalt en de halte ‘De Polle’ ferpleatse wy nei de provinsjale dyk.

    Gemeente Harns

    Mullum

    Busline 75 ferfalt. Dêrmei ferfalt ek de besteande halte 'Mullum' yn it doarp. Reizgers út Mullum kinne tenei gebrûk meitsje fan de besteande halte fan line 71. Dy halte leit krekt bûten it doarp by de krusing fan de Harnzerstrjitwei mei de Haulewei. De halte krijt in oerdekte fytsestalling.

    Gemeente Ljouwert

    Ljouwert Westeinde

    Busline 1 ferfalt. Dêrmei ferfalle ek alle bushalten oan de Jan Jelles Hofleane en de Douwe Kalmaleane en de halte by it winkelsintrum. Westeinde kin tenei fan de râne fan de wyk ôf gebrûk meitsje fan de streeklinen 71 en 97. De rûte fia de Slauerhoffwei wurdt oernaam troch line 70. De halte ‘Westeinde’ oan de Harnzerstrjitwei is dan de wichtichste halte foar de wyk. Dizze halte meitsje wy tagonkliker. De halte krijt in oerdekte fytsestalling mei (as it nedich is) romte foar mear fytsen. Line 71 en 97 komme lâns dizze halte.

    Line 71 komt lâns de halten oan de Poptawei. De halte op 'e hichte fan de Jan Jelles Hofleane meitsje wy ek tagonkliker en krijt in net-oerdekte fytsestalling en in abry. De halte op 'e hichte fan Douwe Kalmaleane bliuwt foarearst sa't dy is.

    As oanfolling op it iepenbier ferfier krijt Westeinde in saneamde wykauto. Dy wykauto sil fan 10 jannewaris ôf ride.

    Ljouwert Nijlân

    De rûte fan busline 4 wiziget. Line 4 sil streekrjocht fia it Stephensonfiadukt nei Nijlân ride. De reistiid is dêrtroch fiif minuten koarter en yn beide rjochtingen is sprake fan in bettere oansluting op de treinen. De halten yn Huzum West komme te ferfallen. De rûte fan line 4 yn Nijlân bliuwt gelyk.

    Buslinen 5 en 15 ferfalle. Dêrmei ferfalle ek de halten oan ‘e Surinamestrjitte. Busline 615 rydt fanwege reizgers fan en nei it Friesland College in oanpaste rûte fia it Stephensonfiadukt, de Julianaleane, de Surinamestrjitte en de Uiterdijksterwei. Busline 615 bliuwt yn gebrûk oant de nije halten oan de Julianaleane klear binne. Nei ferwachting is dat yn de simmer fan 2022. Dêrnei reizgje se mei streeklinen 28 en 95 fia de Julianaleane fan en nei it Friesland College.

    De Vlinder

    Yn de jûnsoeren nei 18.30 oere en op snein (hiele dei) is der sprake fan ‘fleksibele betsjinning’ mei ‘De Vlinder’. De ritten fan line 4 ferfange wy dan troch De Vlinder. De Vlinder giet op fêste tiden by it stasjon wei (oanslutend op de intercitys en de treinen fan Arriva fan Snits, Harns en Grins). De oare tiden binne fraachôfhinklik. De rûte is fleksibel en it tal reismooglikheden ferdûbelet. Fia de nije app of telefoanysk kin men De Vlinder reservearje. Betelje kin fia de app of mei de pinpas. Foar De Vlinder jilde deselde tariven as foar de busline oerdeis.

    Ljouwert Aldlân

    Buslinen 5 en 15 ferfalle. Line 2 rydt yn Aldlân in nije rûte. De rûte rint fan it busstasjon fia de Holwortel en de Aldlânsdyk nei de einhalte ‘Zwanebloem’. Dêrnei rydt de bus fia de besteande rûte wer werom nei it busstasjon. De halte Florastate (linen 5 en 15) nimme wy dêrmei op yn de rûte fan line 2. Oan de Aldlânsdyk komt in nije halte op 'e hichte fan de Holwortel. Dy nije halte ferfangt de halte ‘Holstmeerweg’ (linen 5 en 15) en soarget foar in bettere ûntsluting fan de wyk Aldlân. De halten ‘Beemdgras’, ‘Jacob Botkeweg’, ‘Erasmus’ en ‘Viaduct Hettinga’ komme te ferfallen.

    De Vlinder

    Yn de jûnsoeren nei 18.30 oere en op snein (hiele dei) is der sprake fan ‘fleksibele betsjinning’ mei ‘De Vlinder’. De ritten fan line 2 ferfange wy dan troch De Vlinder. De Vlinder giet op fêste tiden by it stasjon wei(oanslutend op de intercitys en de treinen fan Arriva fan Snits, Harns en Grins). De oare tiden binne fraachôfhinklik. De rûte is fleksibel en it tal reismooglikheden ferdûbelet. Fia de nije app of telefoanysk kinne minsken De Vlinder reservearje. Betelje kin fia de app of mei de pinpas. Foar De Vlinder jilde deselde tariven as foar de busline oerdeis.

    Ljouwert Goutum

    Ljouwert Blitsaerd

    Gemeente Opsterlân

    Wynjewâld

    Line 14 tusken Drachten, Oerterp, Wynjewâld en Easterwâlde rydt allinnich noch op moandei oant en mei freed oerdeis. Yn de jûnsoeren en yn it wykein rydt line 584 tusken Drachten, Oerterp, Wynjewâld, Bakkefean en Assen. Omdat line 584 in oare rûte rydt as line 14 komme de besteande halten yn Wynjewâld yn de jûnsoeren en yn it wykein te ferfallen. Der komt in nije halte foar line 584 by de krusing Merkebuorren mei de Mounleane.

    Langsweagen

    Fan desimber 2022 ôf ride buslinen 20 en 21 fia De Boenders en de Hegedyk. De haltes ‘Langezwaag’ en ‘’t Skeane Ein’ ferfalle. Dizze haltes ferfange wy mei in nije halte oan De Boenders nei it Paradys.

    Hawwe jo fragen of wolle jo mear witte oer it transysjeplan? Dan kinne jo maile nei provincie@fryslan.frl of belje mei 058 – 292 59 25 fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.