Flakby de terminal fan de boat nei Skylge en Flylân lizze de Tsjerk Hiddesslûzen. De brêgen oer dizze slûzen binne ta oan grut ûnderhâld. Dat betsjut dat we wurksumheden útfiere oan dizze brêgen. Wy fertelle wat wy dogge en wat dat foar jo betsjut.

De slûzen lizze tusken de haven fan Harns en it Van Harinxmakanaal en binne wichtich foar de binnenfeart. It binne twa slûzen, in grutte en in lytse, en dêroerhinne lizze yn inoars ferlingde twa brêgen. Underhâld is nedich om te soargjen dat de brêgen yn goede kondysje bliuwe en om it risiko op steuringen te beheinen.

De Tsjerk Hiddessluis met daarvoor een weggetje en gras

Oersjoch wurksumheden en hinder

Wannear?

Wat sille we dwaan?

Hinder?

moandei 4 dec, 0.00 oerre o/m freed 8 des 22.00 uur

Fuortheljen brêgen en plakken tydlike brêgen

Folsleine opkear foar weiferkear en skipfeart.

Fytsers en fuotgongers oer tydlike fyts- / fuotgongersbrêge fia slûsterrein.

9 des 2023 o/m 4 feb 2024

Wurksumheden oan de brêgen en brêgekelders

Al it ferkear kin fia tydlike brêgen.

Hichtebeheining foar farferkear (7,8 m + NAP)

5 t/m 9 feb 2024

Fuortheljen brêgen en plakken nije brêgen

Folsleine opkear foar weiferkear en skipfeart.

Fytsers en fuotgongers oer tydlike fyts- / fuotgongersbrêge fia slûsterrein.

9 t/m 16 feb 2024

Testen niije brêgen

Koartduorjende opkear foar alle weiferkear.

Beheinde brêgebetsjinning.

Hichtebeheining foar farferkear (6,7 m + NAP).

Ynringearkomste

Wy organisearje op tongersdei 16 novimber fan 15.00 - 19.00 oere in ynringearkomste. Jo kinne dan binnen rinne yn 'e boukeet op it slûsterrein. Dêr ynformearje wy jo fierder oer it wurk, de planning en eventuele hinder. Lokaasje: slûsterrein Tsjerk Hiddesslûzen, yngong oan de Harnzerstrjitwei (tsjinoer P1).

Tydlike brêgen en hinder

Yn de wike fan 4 oant en mei 8 desimber wurde beide brêgen fuorthelle en ferfongen troch tydlike brêgen. De dyk en farwei binne dan ôfsletten en it ferkear wurdt omlaat (sjoch kaartsje ). Fytsers en fuotgongers kinne der wol altyd del, fia tydlike fuotgongersbrêgen oer it slûsterrein. Brommobilen kinne omride fia de Keningsbrêge. As de tydlike brêgen ynstallearre binne, kin al it weiferkear der wer del. Foar de skipfeart jildt dan in hichtebeheining (7,8 m + NAP ). Farferkear heger as 7,8 meter moat omfarre fia De Lemmer of Starum.

Een kaart van het gebied rond Harlingen waar de omleidingen en nieuwe routes op aan staan gegeven,

Omliedingsrûtes motorisearre ferkear, allinnich fan 4 oant en mei 8 desimber 2023

By de wurksumheden kin it weiferkear der net del. Folgje de omliedingsrûtes op de giele buorden. Dizze binne ek foar it heljen en bringen nei de fearterminal.

  • Ferkear fan de A7 ôf (Ofslútdyk en De Jouwer/Snits) nim ôfslach 16, Kimswert.
  • Ferkear fan de A 31 ôf (Ljouwert) nimt ôfslach 18, Harns.

Eilânbesikers kinne parkearje op de langparkearplakken. Folgje hjirfoar de reguliere buorden.

  • Ferkear fan sawol de A7 (Ofslútdyk en De Jouwer / Snits) ôf as de A31 (Ljouwert) nim ôfslach 19, Harns – Havens.

Fan dizze parkearterreinen ôf sille fergeze pindelbussen dy 't tusken de langparkearterreinen en de Waddenpromenade ride. Let der wol op dat dat sa 'n 15 - 30 minuten ekstra reistiid kostet.

Omliedingsrûtes fytsers en fuotgongers, allinnich fan 4 oant en mei 8 desimber 2023

Fytsers en fuotgongers wurde fan 4 oant en mei 8 desimber 2023 omlaat by it fuortheljen fan de brêgen en it pleatsen fan de tydlike brêgen (sjoch kaartsje ). Dêrnei kinne sy oer de tydlike fuotgongersbrêgen op it slûsterrein.

Een bovenaanzicht van de omleiding en de afsluiting.

Oanpassingen iepenbier ferfier

By de wurksumheden ride de bussen om fia de omliedingsrûte. Hjirtroch ferfalle der tydlik in pear bushalten. Op de site fan Arriva stiet hokker bushalten ûnder de wurksumheden ferfalle en wêr 't de ferfangende haltes binne: Storingen of werkzaamheden tijdens je bus- of treinreis | Arriva(eksterne keppeling)

Wat bart der mei de brêgen?

De brêgen wurde nei in loads yn de buert brocht. Dêr wurde se striele, ferstevige, konservearre en wer foarsjoen fan in nij houten brêgedek. Ek yn de brêgekelders, de romte ûnder de brêgen, moat it nedige barre. It bewegingswurk en de elektryske ynstallaasje wurde ferfongen.

Digitale nijsbrief

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns? Meld jo dan oan foar de digitale nijsbrief fia ûndersteande knop. Hawwe jo gjin e-mailadres, mar wolle jo wol graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia it telefoannûmer hjirûnder om in papieren nijsbrief oan te freegjen.

Oanmelden nijsbrief

Mear ynformaasje?

Hawwe jo fragen oer it wurk? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of telefoanysk fan moandei o/m freed fia 058 - 292 59 25.