De nije suvelkoöperaasje op Skiermûntseach krijt in bydrage fan 1 miljoen euro fan de provinsje Fryslân foar it ferwurkjen fan de suvel fan de eilanner feehâlders. Dizze bydrage makket it mooglik om in suvelhoeve te realisearjen om tsiis te meitsjen op it eilân. 
 
De bydrage komt út de oerienkomst dy 't it Ryk en de provinsje yn septimber ferline jier mei de molkfeehâlders op Skiermûntseach sletten hawwe. It gebietsproses op Skiermûntseach hat laat ta in breed pakket mei ôfspraken wêrby 't de natuer, it lânskip en it bioferskaat sterk ferbettere wurde en wêrby tagelyk in perspektyf is foar de lânbou. 

Nije suvelhoeve yn 'e maak  

De suvelkoöperaasje, dêr 't molkfeehâlders oan leverje, wol op Skiermûntseach in suvelhoeve realisearje om tsiis op it eilân te produsearjen. Dit jier stiet yn it ramt fan de technyske en planologyske tarieding fan de bou. De start fan de bou is yn 2023, sadat de produksje fan tsiis op it eilân yn 2024 úteinset. De provinsje draacht by yn de tariedingskosten, de kosten foar de bou fan de suvelhoeve en de ynvestearringen yn apparatuer. Op dit stuit wurdt der trouwens oan de fêste wâl al tsiis “Van Schier” produsearre en sawol oan de wâl as op it eilân ferkocht. 

Stikstofreduksje 

De molkfeehâlders op Skiermûntseach, Vereniging Natuurmonumenten, gemeente Shieronnikoog, provinsje Fryslân, it Ryk en de agraryske natuerferiening Waddenvogels hawwe in plan betocht wêrby 't de molkfeesteapel mei 38% redusearre wurdt. Dat liedt ta in fermindering fan de stikstofemisje en - deposysje op it Natura 2000 gebiet. It ferlies oan ynkommen fan de molkfeehâlders wurdt kompensearre troch in hegere molkpriis troch tsiis te meitsjen fan de eigen molke.  
 
Op 25 septimber 2021 hawwe de belutsen feehâlders, deputearren Hoogland en Fokkinga, de direkteur fan ANV Waddenvogels en doetiids minister Schouten fan LNV in oerienkomst tekene mei dêryn in breed ôfsprakepakket. De sân boeren hawwe neffens ôfspraak it tal molkkij fermindere oant 375 kij.