Oanfregers dy’t ynskreaun steane yn it Hannelsregister fan de Keamer fan Keaphannel, mei in fêstiging yn Fryslân, kinne fan 16 septimber 2021 oant en mei 29 oktober 2021 subsydzje oanfreegje foar it ûntwikkeljen, it ûntwikkelje litten of it útwurkjen fan in ynnovatyf projektútstel of -plan binnen ien of meardere transysjes en it fieren fan in petear dêroer mei in provinsjale ynnovaasjematrikstafel. It plafond is € 100.000.

Fideo: Oanfreegje Ynnovaasjematriks Fryslân

Undernimmer Erik Eerhart fan Progressio Training en Coaching leit út hoe maklik it oanfreegjen foar him wie.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

In subsydzje kin beskikber steld wurde oan oanfregers dy’t ynskreaun steane yn it Hannelsregister fan de Keamer fan Keaphannel, mei in fêstiging yn Fryslân foar  it ûntwikkeljen, it ûntwikkelje litten of it útwurkjen fan in ynnovatyf projektútstel of -plan binnen ien of meardere transysjes en it fieren fan in petear dêroer mei in provinsjale ynnovaasjematrikstafel.

Mear ynformaasje fine jo yn de subsydzjeregeling Ynnovaasjematriks Fryslân(externe link) en yn it Provinsjaal Blêd(externe link).

Wichtichste betingsten

  • It projekt moat foldwaande bydrage oan ynnovaasje binnen ien fan de transysjes en de brede wolfeart fan Fryslân.
  • It petear mei de ynnovaasjematriks-tafel moat binnen 6 moanne nei de datum dat it subsydzje beskikber steld wurdt, hâlden wurde.
  • Binnen 6 wike nei’t it petear west hat moat in ferslach fan it petear mei de ynnovaasjematriks-tafel en in omskriuwing fan de wize wêrop’t de resultaten dêrfan by de fierdere ûntwikkeling behelle wurde sille, oerlein wurde.

Foar mear ynformaasje oer de-minimis kinne jo de neikommende webside rieplachtsje:

De-minimis (oerheidsstipe ûnder € 200.000) - Europa desintraal(externe link)

Subsydzjebedrach

De oanfraach wurdt der ien kear in bydrage fan € 2.500 beskikber steld.

Mear ynformaasje

Wolle jo witte oft jo projektidee foar stipe yn oanmerking komt, nim dan kontakt op mei Ynbusiness: info@ynbusiness.nl / 058 – 76 00 500

By oare fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 – 292 59 25  of fia de mail mei subsidies@fryslan.frl