It iepenstellingsbesluit fan de Subsydzjeregeling Fryske Retailoanpak, lykas publisearre yn it Provinsjaal Blêd fan 9 desimber 2020 nû. 9221, is wizige mei de ferlinging fan de oanfreegperiode fan 18 desimber 2020 oant en mei 17 desimber 2021.

De provinsje Fryslân hat de Subsydzjeregeling Fryske Retailoanpak fêststeld. It doel fan dy regeling is om de winkelgebieten yn Fryslân mear takomstbestindich te meitsjen en tagelyk oantreklikker foar besikers. De provinsje hat dêr in bedrach fan € 950.000 beskikber foar steld.

Wêrfoar en hoefolle subsydzje kin ik oanfreegje?

Yn it ramt fan de regeling kin subsydzje oanfrege wurde foar aktiviteiten yn ien fan de 71 selektearre Fryske winkelgebieten. In oersjoch fan dy winkelgebieten is yn de taheakke by de subsydzjeregeling opnommen.

Yn dy winkelgebieten kin subsydzje jûn wurde foar aktiviteiten oangeande:

  1. Ferbettering fan de ynrjochting fan de iepenbiere romte;
  2. Presintaasje, promoasje of profilearring fan it winkelgebiet;
  3. It stal jaan of ferbetterjen fan gearwurking tusken ûndernimmings dy’t fysyk yn it winkelgebiet fêstige binne;
  4. It befoarderjen fan saakkundigens by fysyk yn it winkelgebiet fêstige ûndernimmings en wurknimmers op it mêd fan ûndernimmerskip, ynnovaasje, strategy en bedriuwsfiering, fia it meidwaan oan in troch in eksterne saakkundige oanbean opliedings-, begeliedings- of advystrajekt.

Yn it ramt fan dizze regeling kin mar ien kear it winkelgebiet foar ien of meardere aktiviteiten subsydzje oanfrege wurde. De provinsje Fryslân subsidiearret oant de helte fan de totaalkosten mei in maksimum fan € 24.999,00 it winkelgebiet.

Wa kin in subsydzje oanfreegje?

Subsydzje kin út namme fan ien fan de 71 selektearre Fryske winkelgebieten oanfrege wurde troch:

  1. in ûndernimming;
  2. in yn in rjochtspersoan organisearre belange- of brânsjorganisaasje fan ûndernimmings;
  3. in gemeente;
  4. (in pinnefierder út namme fan) in gearwurkingsferbân fan ûnder 1, 2 of 3 neamde partijen yn in winkelgebiet.

Hoe kin ik in oanfraach yntsjinje?

Foar it dwaan fan in oanfraach moatte jo gebrûk meitsje fan it oanfraachformulier dat jo ûnderoan dizze side fine. Oanfragen kinne oer de post of by de baly fan it provinsjehûs yntsjinne wurde. Allinne folslein ynfolle oanfraachformulieren mei byhearrende taheakken nimme wy yn behanneling.

De taheakken dy’t jo meistjoere moatte mei jo oanfraach binne:

  • in projektplan;
  • in úttreksel fan de Kamer van Koophandel;
  • in ynfolle de-minimisferklearring (as dat fan tapassing is, sjoch hjirûnder by del te laden dokuminten);
  • in machtiging (as dat fan tapassing is);
  • in kopy fan it karbrief (as dat fan tapassing is);
  • in gearwurkingsoerienkomst Gearwurking Fryske Retailoanpak (as dat fan tapassing is, sjoch hjirûnder by del te laden dokuminten).

Yn hokker perioade kin ik in oanfraach yntsjinje?

Oanfragen foar subsydzje kinne fan 8 novimber 2019 ôf yntsjinne wurde. Dizze subsydzjeregeling is beskikber oant it subsydzjeplafond berikt is, of oant uterlik 17 desimber 2021.

Oan hokker betingsten moat de oanfraach allegear foldwaan?

De betingsten dêr’t in subsydzje-oanfraach oan foldwaan moat steane yn de subsydzjeregeling neamd. In wichtige betingst is ûnder oare dat de aktiviteit, dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, in bydrage leveret oan de doelstellingen fan de Fryske Retailoanpak 2018-2020 en oanslút by de SWOT-analyze fan it oanbelangjende winkelgebiet. Neiere ynformaasje oer de Fryske Retailoanpak en de SWOT-analyze dy’t koartlyn ûnder de 71 winkelgebieten útfierd is.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de subsydzjeregeling of it yntsjinjen fan in oanfraach kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Subsydzjes, fia telefoannûmer: 058 – 292 53 35, of fia e-mail: provincie@fryslan.frl.