Fryske ûndernimmers kinne stipe oanfreegje foar projektideeën dy’t oan de brede wolfeart fan Fryslân bydrage. Dy regeling is ûnderdiel fan it provinsjale twadde Werstelpakket ‘Lok op 1: No en Moarn’, dat yn april troch Provinsjale Steaten fêststeld is.

Ynnovaasjematriks Fryslân biedt ûndernimmers hânfetsels om konkreet mei projektideeën, dy’t in bydrage leverje oan de Fryske brede wolfeart, oan ‘e slach te gean. Alle ûndernimmers of organisaasjes (mei KvK-nûmer) kin in projekt yntsjinje. Fan 16 septimber ôf is fia www.fryslan.frl/friese-economie subsydzje oan te freegjen.

Underdielen fan de regeling

Om it begryp brede wolfeart mear yn te kleurjen wurdt spesifyk socht nei projekten yn in tal maatskiplike transysjes: fan in lineêre nei in sirkulêre ekonomy, fan fossile nei duorsume enerzjy, fan soarch nei positive sûnens, en fan analooch nei digitaal. Der is in fiifde ûnderdiel tafoege: nei de 1,5 meter ekonomy.

Net allinne subsydzje – ek in grut netwurk foar projektideeën

Undernimmers en organisaasjes kinne € 2.500 krije foar it fierder ûntwikkeljen fan projektideeën. De oanfregers wurde dêrneist foar in (ferplichte) petear mei in Fryske ynnovaasjematrikstafel útnûge. De saakkundigen oan dy tafel foarmje in goede ôfspegeling fan ûnderwiis, oerheid, kulturele en ûndernimmende partijen. Sa kriget de oanfreger daliks tagong ta in breed netwurk en kennis om it idee fierder te ûntwikkeljen. Dêrneist wurde alle projektideeën keppele oan in meiwurker fan Ynbusiness dy’t yn in petear de fierdere stappen bepraat, de fuortgong yn ‘e gaten hâldt en mooglik advys jout.

In ferfolch op de subsydzjeregeling fan 2020

Dizze regeling folget op de subsydzjeregeling dy’t ein 2020 iepensteld is. Doe binne 17 projekten oanmeld, dy’t allegearre subsydzje krige hawwe. Ut dy projekten folgen in soad konkrete aksjes. Ut evaluaasje docht bliken dat it ynstrumint in moaie earste stap biedt yn de syktocht fan idee nei projekt.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje oer it parseberjocht kinne jo kontakt mei de provinsje Fryslân opnimme. De kontaktynformaasje stiet ûnderoan dit berjocht. Wolle jo witte oft jo projektidee yn ‘e beneaming komt foar stipe, nim dan kontakt op mei Ynbusiness: info@ynbusiness.nl / 058 - 760 05 00.