Boeren dy't eksperimintearje wolle mei in mear natuerynklusive lânbou yn it Fryske Klaaigebiet kinne dêr fan 1 augustus ôf subsydzje foar oanfreegje. Natuerynklusive lânbou is in wize fan lânbou wêrby't boeren each hawwe foar de natuer en bioferskaat. It kin bygelyks gean om in eksperimint as alternatyf foar 'rûge dong'. Rûge dong is in graach tapaste dongsoarte yn it greidefûgelbehear. Of om in eksperimint foar it telen fan aaiwyt. Der is maksimaal € 25.000 subsydzje de oanfraach beskikber. Oanfragen kin fia de webside Subsidieregelingen - Regiodeal Natuurinclusieve Landbouw.

Fernijende ideeën

Boeren hawwe sels faak al ideeën oer hoe't sy it bioferskaat op harren bedriuw fersterkje kinne. Troch harren eigen ûnderfinings op it boerehiem sjogge se mooglikheden foar de takomst. Sa wurdt der bygelyks eksperimintearre mei krûderyk gerslân of it ynpassen fan natuerynklusive maatregels yn de bedriuwsfiering. De subsydzjeregeling Natuerynklusive eksperiminten kin dy eksperiminten fierder bringe. En it kin boeren ynspirearje om mei nije ideeën oer natuerynklusive lânbou te kommen. Betingst is dat it giet om fernijende ideeën fan op syn minst twa dielnimmers, wêrfan’t minimaal ien agrarysk ûndernimmer yn it Klaaigebiet is (rûchwei it gebiet tusken Snits, Boalsert en Ljouwert).

Lânbou-advyspool helpt by oanfragen

Boeren dy't help nedich hawwe by de oanfraach of witte wolle oft harren idee kânsryk is, kinne terjochte by de Lânbou-advyspool: tel: 06 -22349008 of e-mail: info@lap.frl De ideeën moatte yn alle gefallen oanslute by it doelbyld en aksjeplan foar de Klaaigreide dy't mei belutsenen opsteld binne. Yn in aksjeplan is in rûte útset foar lânbou dy’t winst makket en tagelyk bydraacht oan it bioferskaat, fruchtberens fan ‘e grûn en dy’t soarget foar in (be)leefber plattelân. De subsydzjeregeling Natuerynklusive eksperiminten is ûnderdiel fan de Regio Deal Natuerynklusive lânbou dêr’t de provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân inisjativen foar in mear natuerynklusive lânbou yn Noard-Nederlân mei stimulearje en ferhastigje wolle.