As boeren yn greidefûgelgebieten ophâlde, kin wichtich greidefûgellânskip ferlern gean. Alle ynspanningen dy’t dien binne foar greidefûgels geane dan ferlern. Dêrom start der in pilot mei in subsydzjeregeling foar it lang behâlden fan dizze gebieten.

Yn Fryslân lizze geskikte greidefûgelgebieten foar it grutste part bûten de Natura 2000-gebieten en it Natuurnetwerk Nederland (NNN). De greidefûgels bûten it NNN binne dêrom ôfhinklik fan frijwillige greidefûgelbeskerming en agrarysk natuerbehear. “As in boer ophâldt of grûn ferkeapet, kinne de soms jierrenlange ynspannings foar greidefûgels ferlern gean. Bygelyks as greppeltsjelân flak makke wurdt en op ‘e nij ynsjidde. Dêrmei ferdwynt geskikt greidefûgelgebiet”, seit deputearre Douwe Hoogland.

Yn de Nota Greidefûgels 2021-2030 is opnaam dat foar it behâld fan de greidefûgels it needsaaklik is om in ynstrumint te ûntwikkeljen om wichtige greidefûgelgebieten langjierrich te behâlden. Mei dizze subsydzje wol de provinsje dêr ynfolling oan jaan.

De ynstek fan de regeling is dat de gebieten de agraryske bestimming hâlde. Dêrnei wurdt it behâld fan it greidefûgelgerslân - en dêrmei ek âld, krûderyk gers, slinken, sleatsjes en greppels – fêstlein yn in tal ôfspraken. It giet bygelyks om it heech hâlden fan de wetterpeilen, it yntakt litten fan de greppelstruktuer fan it lân en beheiningen foar it gebrûk fan pestisiden. De subsydzjeregeling is op frijwillige basis. De grûneigener krijt mei de regeling foar ien kear in bedrach foar it ferminderjen fan de wearde fan de grûn. De makke ôfspraken gean oer op de folgjende eigener as de grûn ferkocht wurdt. Op dy wize bliuwe de gebieten foar de greidefûgels behâlden.

Agrarysk natuerbehear

De subsydzjeregeling is op frijwillige basis. Dielname oan regeling is net mooglik binnen it Natuur Netwerk Nederland (NNN), omdat de grûnen de agraryske funksje behâlden bliuwe en net omfoarme wurde ta natuer. De subsydzjeregeling komt neist de subsydzje foar Agrarysk natuer- en lânskipsbehear (ANLb) te stean. Boeren kinne fan beide gebrûk meitsje, al wurdt der net twa kear in bedrach útkeard foar in kwalitative ferplichting dy't yn beide regelingen stiet.

De provinsje set útein mei in pilot op likernôch hûndert bunder greidefûgellân. Dêrfoar is 1,4 miljoen euro beskikber út it Europeeske LIFE IP-projekt GrassBirdHabitats. De iepenstelling rint fan 16 jannewaris oant en mei 10 april 2023 en jildt no allinnich foar de greidefûgelgebieten yn Aldeboarn de Deelen, Idzegea en de Greidhoeke. It is de bedoeling de pilot de kommende jierren fierder út te rôljen binnen de Aanvalsplan Grutto-gebieden.