Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 18 septimber oant en mei 5 oktober 2023 wer subsydzje oanfreegje by it Iepen Mienskipsfûns. Der is foar de lêste iepenstelling 900.000 euro beskikber foar hiel Fryslân. Dêrneist giet it IMF dan ek iepen mei goed 2 miljoen foar it ferduorsumjen foar mienskipsgebouwen.

Deputearre Steaten fynt it wichtich dat ynwenners dy't har ynsette foar de leefberens yn harren omjouwing, ek holpen wurde mei de realisaasje fan projekten dy't se opsette. Om ynspiraasje op te dwaan kinne inisjatyfnimmers efkes sjen op ‘Projekten in beeld’ op de webside fan Streekwurk. Regionale advyskommisjes mei belutsen ynwenners fan ’e regio’s beoardielje de projektoanfragen op draachflak, kontinuïteit, gearwurking, duorsumens en Frysk en/of streektalen.

Ferduorsumjen foar mienskipsgebouwen

Neist de reguliere iepenstelling fan it Iepen Mienskipsfûns wurdt 2.325.000 euro iepensteld foar it duorsumer meitsjen fan mienskipsgebouwen. Per oanfraach is 35.000 euro beskikber en der kin oant maksimaal 70% fan de subsidiabele projektkosten finansiere wurde. Deputearre Knol: “It subsydzjepersintaazje is sa heech om ’t de needsaak foar it ferduorsumjen fan mienskipsfoarsjennings fan grut belang is foar it fuortbestean fan ferieningen en stichtingen, en dêrmei foar de leefberens yn Fryslân.” Wannear ’t elts projekt it maksimale bedrach oanfreget, sil der dizze tender romte wêze foar 66 inisjativen. Alle kosten dy't te krijen hawwe mei it duorsumer meitsjen fan it gebou binne subsidiabel. Der kinne dus ek kosten foar de ferfanging fan it dak en kosten foar fergunningen opfierd wurde yn de subsydzje-oanfraach.

Nije kolleezje wol troch mei it Iepen Mienskipsfûns

Ut de útgongspunten fan it bestjoersakkoart 'Oparbeidzje foar Fryslân' wei wol Deputearre Steaten foarstelle in nij IMF te starten foar de perioade 2020-2025-2026-2027. Dit wurdt foar 2024 foarlein oan Provinsjale Steaten. Foarsteld wurdt om yn dit nije Iepen Mienskipsfûns grut ûnderhâld en ferduorsuming fan mienskipsgebouwen in struktureel plak te jaan. Dêrneist moat it Iepen Mienskipsfûns ienfâldiger wurde om oan te freegjen wannear 't it lytsere bedraggen oanbelanget.

Deputearre Knol: “It is goed dat Friezen sels sizzenskip hawwe oer harren eigen omjouwing om 't se sels witte wêr’t it measte ferlet fan is. Wy wolle de enerzjy fan ûnderop safolle mooglik stypje. Jild beskikber stelle foar inisjativen fan Friezen is foar my dêrom hiel wichtich. Minsken dy't har yn harren frije tiid ynsette om Fryslân noch moaier te meitsjen, wolle we safolle mooglik helpe. Minsken yn de simmer op de pontsjes, de frijwilligers by de festivals, de klussers yn de doarpshuzen, de sporttrainers, de grienkommisjes, bestjoerders fan doarpsbelangen. Se meitsje it ferskil.”

Streekwurk

Inisjatyfnimmers kinne foar it dielen fan harren ideeën, it opstellen fan in projektplan en help by de subsydzje-oanfraach terjochte by Streekwurk. Sjoch foar mear ynformaasje op Iepen Mienskipsfûns | Fryslan of Leader Streekwurk | Fryslan.