Ynwenners fan Fryslân wurde mear belutsen by wêr 't de oerheid mei dwaande is. Oft it no giet om de takomst fan it Frysk, de ynrjochting fan it lânskip of ideeën út de mienskip. It hjoed lansearre digitale platfoarm Stim fan Fryslân wol boarger en oerheid tichter byinoar bringe. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok lansearre Stim fan Fryslân yn de Steateseal, it plak fan it Fryske parlemint, mei in earste oprop om mei te tinken oer de takomst fan it Frysk.

De oerheid is der foar de boarger. Dochs fiele boargers dat net altyd sa. Undersyk fan it Fries Sociaal Planbureau (2021) lit sjen dat ek Friezen harren net genôch belutsen fiele by it wurk fan provinsje en gemeenten. Dat kin en moat better. Yn 2019 waard yn de Fryske Provinsjale Steaten in moasje, om in digitaal systeem foar rieplachtsjen te yntrodusearjen, yn de Steaten breed stipe. It no lansearre platfoarm folget út dy moasje. Stim fan Fryslân is bedoeld om it kontakt tusken boarger en oerheid te ferbetterjen.

Kommissaris fan de Kening: “As provinsje fine wy it dan ek tige wichtich om yn oparbeidzjen mei ferskate gemeenten, Friezen mear by ús belied en aktiviteiten te beheljen. It belûken fan ús ynwenners by wat de provinsje docht giet foar ús dan ek fierder as in oprop yn ferkiezingstiid om te stimmen. By alles wat wy as provinsjale organisaasje foar de mienskip dogge, wolle wy besykje noch mear út de ynwenner fan Fryslân wei te redenearjen troch harren, as dat mooglik is, by ferskate ûnderwerpen ek in digitale stim te jaan.”

Earste fraach: takomst fan it Frysk

It nije platfoarm set útein mei de útnûging oan ynwenners fan Fryslân om aktyf mei te tinken oer de fraach hoe't sy it Frysk yn harren eigen fermidden takomst jaan kinne en wolle. Elkenien kin dêr oant en mei 9 april dit jier ideeën foar op it aljemint bringe. Ynwenners kinne stimme op de yntsjinne ideeën. De trije ideeën dy't ûnder de ynwenners fan Fryslân op de measte stipe rekkenje kinne, wurde útfierd. Dat bart mei finansjele stipe fan de provinsje.

De útfraach oer it Frysk makket diel út fan in proef oangeande it platfoarm Stim fan Fryslân. De proef is in gearwurking mei Democratie in Actie (VNG/BZK) en duorret oant juny dit jier. Yn dy perioade sil it platfoarm ek ynset wurde om de ynwenners te rieplachtsjen oer oare ûnderwerpen en tema’s. De gemeenten Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Dantumadiel en it Hearrenfean, dy’t ek oan ‘e proef meidogge, binne dwaande mei it (fierder) ûntwikkeljen fan platfoarms foar de eigen ynwenners.

Om mei te dwaan en foar mear ynformaasje kinne jo terjochte op: stimfanfryslan.frl