De leden fan Provinsjale Steaten binne de folksfertsjintwurdigers fan ’e provinsje. Op 20 maart 2019 wiene de lêste ferkiezings. Benijd nei de hjoeddeistige Steateleden fan ’e provinsje Fryslân? Yn dizze rubryk stelle de Steateleden harren foar. Dizze kear is Albert G. van Dijk (FVD) oan bar.

Oer Albert G. van Dijk

Portretfoto van Albert van Dijk

Albert wennet yn it twillingdoarp Gerkeskleaster-Strobos. Dêr hat er syn hiele libben al wenne. “Ik wurkje as dosint yn ’e fakken skiednis, ekonomy, godstsjinst, rekkenjen en maatskippijlear.” Albert woe winlik alhielendal net dosint wurde. Hy hat lang wraksele mei de fraach wat oft er wurde woe. Albert fûn nammentlik alles nijsgjirrich, mar foaral it ferline hied er in soad niget oan. Nei’t er in stikmannich stúdzjes folge hie, naam er lang om let dochs de skiednisstúdzje foar kar, wittende, dat dan in takomst as dosint foar him lei. Albert ûntdiek, dat er in soad wille belibbe oan it fertellen fan ferhalen. “Do hast grif al fernommen, dat ik graach prate mei. Mei it folgjen fan ’e stúdzje kaam ik derefter, dat ik dosearjen machtich moai wurk fûn.” Under syn stúdzje koe Albert ek ynfolling jaan oan in oare passy. Njonken syn stúdzje waard er nammentlik reservist by definsje. “In prachtige tiid en in prachtich berop.” Doe’t Albert yn 2019 Steatelid waard, moast er in kar meitsje en hat er syn baan as reservist opsein.

Wêrom sitte jo yn ’e polityk?

“Dat bliuwt in lestige fraach om te beäntwurdzjen. Rekkest maatskiplik belutsen en sjochtst oftst wat betsjutte kinst. Yn 2016 rekke ik aktyf belutsen by it Oekraïnereferindum. Dêrnei kaam ik yn kontakt mei Forum Voor Democratie. De tinktenk waard in partij en dat sleat goed oan by myn ideeën. Om koart te gean: wat yn it partijprogramma stie oer soevereiniteit, desintralisaasje, bestjoerlike fernijing en selsbeskikking, paste krekt by my. Foar’t ik it yn ’e   rekken hie, stie ik by kreamkes poosterkes te plakken. Justjes dêrnei waard my de fraach steld oft ik ek aktyf wurde woe… yn Grins. Ik woe wol aktyf wurde, mar dan allinne foar Fryslân. En sa siet ik yn 2017 by ûnderskate FVD-treningen, dy’t fersoarge waarden troch heechleararen. By dy treningen gie it ûnder mear oer it boek Over democratie in Amerika fan Alexis de Tocqueville. Dat boek wie o sa nijsgjirrich. Ynienen waarden myn eagen iepene en krige ik folle mear ynsjoch yn ’e hjoeddeistige ûntjouwings.”

Hoe sjogge jo werom op ’e lêste moannen?

“It feit dat jo beëdige wurde, is in hiele eare. De seremoanje is in wichtich momint en sa fielde it ek. Ik bin tankber, dat ik in sit krige yn ’e Fryske Steaten. It Steatelidmaatskip iepenet ek doarren dy’t gewoanwei ticht bliuwe. Soks makket it in enervearjende funksje en ik bin dan ek fergulde mei it feit, dat ik dy funksje ynfolje mei.”

Wat wolle jo de kommende tiid berikke?

“Persoanlik bin ik tefreden. Ik haw in moai hûs en in goede baan. Dêrnjonken haw ik soldaat west, in echte jongesdream. Faaks wol ik ea nochris skoalledirekteur wurde… wa wit! Wat de polityk oanbelanget set ik my benammen yn foar bestjoerlike fernijing. Ik tink, dat op dat mêd in soad te winnen is en ik hoopje, dat der lytse ‘sukseskes’ behelle wurde kinne. Wat it oare oanbelanget doch ik myn bêst en besykje ik om dingen by te stjoeren. Ast wier wat gruts berikke wolst, moatst dochs lyts begjinne. Konkreet bin ik no al dwaande om ’e hjoeddeistige referindumferoardening te herfoarmjen.”

Wat is neffens jo it moaiste plak yn Fryslân?

“Gerkeskleaster fansels! Dêr kom ik altyd thús. It is in plak dêr’t ik moaie oantinkens oan haw. Fierder wenje myn freonen dêre. Freonen dy’t ik al fan ’e basis- en middelbere skoalle ôf ken. De freonskippen dy’tst yn dyn jonge jierren makkest, binne freonskippen dy’t altyd bliuwe. Mei sokke freonen hast oan in pear wurden genôch. Dat jou ik ek gauris mei oan myn learlingen. Freonen dy’tst letter yn dyn libben makkest, binne faker passanten.”

Wêrom steane jo op de foto yn ‘e klasse?

Dosint is myn berop en dêr helje ik myn freugde út. De hoop dat je mei dit berop miskien in lyts ferskil meitsje kinne en bern ynspirearje kinne.

Albert van Dijk staat hier voor de klas, voor een groot scherm.