Swimwetter oanwize

De provinsje wiist alle jierren swimwetterlokaasjes oan dêr’t feilich en sûn swom wurde kin. Wetterskip Fryslân hâldt de kwaliteit fan it wetter yn ‘e gaten troch regelmjittich meunsters te nimmen en te ûndersykjen. Fia de lanlike webside www.zwemwater.nl krije ynwenners yn it swimseizoen (1 maaie oant 1 oktober) ynformaasje oer de kwaliteit fan it swimwetter op alle lokaasjes yn Nederlân. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) kontrolearret de swimlokaasjes op feiligens en de kwaliteit fan it wetter. Op buorden by de lokaasjes is ynformaasje oer de aktuele kwaliteit fan it swimwetter beskikber. As der troch waarm waar tefolle baktearjen en blau-alch yn it wetter groeie, kin dit problemen foar de sûnens jaan foar swimmers. Op de kaart 'Zwemwaterlocaties 2024'  fine jo alle aktuële swimwetterlokaasjes. Ek te finen op 'Lijst zwemwaterlocaties 2024'.

Sjenswize yntsjinje

Belanghawwenden kinne fan 19 febrewaris ôf oant en mei 29 maart 2024 harren sjenswize yntsjinje fia ûndersteande knop of per post oan Deputearre Steaten fan Fryslân, t.a.v. mw. A. Ypma, Team Lânlik Gebiet 2. Foar neiere ynljochtingen kinne jo oant ûterlik 29 maart 2024 skylje mei ús Kantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25.

Sjenswize yntsjinje

Aktuele warskôgings swimwetter

Hawwe jo fragen oer de kwaliteit fan de swimwetterlokaasjes yn Fryslân of wolle jo witte foar hokker lokaasjes warskôgings en/of ferboaden jilde? Sjogge jo dan op www.zwemwater.nl(eksterne keppeling) of op www.fumo.nl(eksterne keppeling). Dêrnjonken kinne jo kontakt opnimme mei de swimwetterlokaasjes fan FUMO tillefoan 058 - 292 56 50. Fia de ynformaasjebuorden by de swimplakken fine jo yn it swimseizoen ek ynformaasje oer de kwaliteit fan it swimwetter.

Besjoch de infographic Swimme yn butenwetter 

Foldwaande en feilich wetter

Fryslân is de wetterprovinsje by útstek. Der is in soad wetter yn Fryslân en wy meitsje der op gâns manieren gebrûk fan. Sa komt der drinkwetter út ‘e kraan (SKJIN). Dêrfoar is in goede foarried fan swiet wetter fanneden. By swiere reinbuien bliuwt it wetter net yn jins strjitte of op it lân stean. Yn de simmer kinne jo bûten yn skjin swimwetter swimme. En as dit net kin, bygelyks troch de oanwêzigens fan blau-alch, wurde jo yn ‘t foar warskôge. Mei gemalen en keardamen yn sleatten en fearten soargje wy foar it júste wetterpeil (FOLDWAANDE) foar lânbou en natuer. Yn wiete tiden fiere wy wetter ôf en yn tiden fan drûchte litte wy wetter yn en út ‘e Iselmar. En diken en kaaien beskermje ús (FEILICH) alle dagen tsjin oerstreamings en oerlêst fan wetter.

Wetterdjiptekaart

Feilich wetter

Feiligens stiet foarop. Stevige diken en dunen beskermje ús tsjin oerstreamings fan de Waadsee, de Noardsee en de Iselmar út. Sûnder dizze opkearings soe likernôch 60% fan Fryslân ûnder wetter rinne. In grut part fan ‘e provinsje leit ûnder seenivo.

Foldwaande wetter

Net te folle, mar ek net te min wetter. Dêr draait it om by it behearen fan wetter. Te folle wetter jout oerlêst op it plattelân, mar ek yn de stêden. Te min is benammen ûngeunstich foar de skipfeart, de lânbou en de natuer.

Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân beslisse yn oerlis oer it wetterpeil. Wetterskip Fryslân nimt de besluten oer it peil. En behâldt it peil mei help fan likernôch 1.000 gemalen, 4.200 keardamen, 3.700 plakken dêr’t wetter ynlitten wurde kin en 40.000 kilometer oan wettergongen lykas sleatten, fearten en kanalen.

Skjin wetter

Skjin wetter is fan libbensbelang foar minsken, bisten en planten. Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân binne ferantwurdlik foar de kwaliteit fan it oerflak- en grûnwetter. It wetter moat fan goede kwaliteit wêze en frij fan skealike stoffen. Dan is it gaadlik foar wetterlibben, natuergebieden, drinkwetter, bereining fan gewaaksen en om yn te swimmen.

Fryske klimaatatlas

De klimaatferoaring hat grutte gefolgen foar ús wenjen en wurkjen. Dêr moatte wy ús op tariede. De klimaatatlas bringt yn byld wat der yn ús libbensfermidden feroarje sil en wat de gefolgen dêrfan binne. De atlas draacht gjin oplossingen oan, mar jout in yndikaasje fan de effekten fan de klimaatferoaring en ekstreme waarsituaasjes.

Fryske Klimaatatlas(eksterne keppeling)

Feilich swimme yn bûtenwetter, wêr kin dat fan ‘t jier?

Fan ‘t jier binne der yn Fryslân 53 offisjele swimwetterlokaasjes. It giet om deselde lokaasjes as ferline jier. 49 swimwetterlokaasjes hawwe in posityf swimadvys krigen. Foar de swimwetterlokaasjes Swanneblom, Nannewiid, De Leien en De Vleyen jildt fan ‘t jier in negatyf swimadvys fanwege it minder wurden fan de kwaliteit fan it swimwetter.

Dat betsjut oars net dat in swimwetterlokaasje ek echt ferdwynt. Wol hâldt dat yn dat der maatregels nommen wurde moatte om foar in bettere wetterkwaliteit en feiligens te soargjen. Yn gearspraak mei Wetterskip Fryslân, FUMO en de lokaasjehâlders is besletten om foar dit swimseizoen in tal (ekstra) maatregels te nimmen. Sa wurdt it tafersjoch op akseptabel of min skoarende lokaasjes oanskerpe. Ek wurdt de kommunikaasje mei lokaasjehâlders yntinsivearre én is der foarnommen om te begjinnen mei in pilot "intensief beheer en onderhoud van stranden die overlast hebben van (water)vogels" by De Leien. Dat bart yn gearwurking mei de gemeente Smellingerlân, Steatsboskbehear en de paviljoenhâlder.

Us provinsje set him yn foar skjin en tagonklik swimwetter; om dat te garandearjen wurket ús provinsje oan it ferbetterjen fan de kwaliteit fan de hjoeddeistige situaasje én oan it stimulearjen fan it tanimmen fan goede en tagonklike swimlokaasjes. Dat dogge wy net allinnich, mar yn oparbeidzjen mei de lokaasjehâlders, de gemeenten, it Wetterskip en FUMO. Dy partijen hawwe harren ferantwurdlikheden en belangen dy't benammen rjochte binne op it behear fan de swimlokaasjes.

Alle jierren wiist de provinsje Fryslân swimwetterlokaasjes foar oerflaktewetter oan. De list mei swimwetterlokaasjes dy't de provinsje earder fan ‘t jier nei bûten brocht hat foar in ynsjochperioade is no definityf fêststeld. It fêststellen fan dy lokaasjes bart alle jierren op grûn fan de Wet Hygiëne Veiligheid Badinrichtingen en Zwemwateren (Whvbz). De provinsjale kaart, dêr't de 53 swimwetterlokaasjes op oanjûn steane, is taheakke oan dit berjocht en online te rieplachtsjen fia de webside en app fan zwemwater.nl(eksterne keppeling).

Wettertechnology

Fryslân en wetter binne stiif oan inoar ferbûn. Net om ‘e nocht is Fryslân dé wetterprovinsje fan Nederlân. Itselde jildt foar de wettertechnology. Fryslân hat in top technologysk ûndersyksynstitút, in trochrinnende learline en in unike ynfrastruktuer foar ynnovaasjes.

Lanlike wetterkampagne 'Ons Water'

Mei de lanlike kampanje 'Ons Water' meitsje wy jo as ynwenner fan Nederlân bewust fan it feit dat skjin, feilich en foldwaande wetter net fanselssprekkend is. Der moat de kommende jierren mear dien en ynvestearre wurde om Nederlân te beskermjen tsjin wetter. Mar ek om genietsjen bliuwe te kinnen fan wetter. En om ús wetterfoarried op oarder te hâlden.

It liket hiel gewoan dat der altyd skjin drinkwetter út de kraan komt en dat wy allegearre feilich binne efter ús diken en dunen. Wy hawwe it ek goed regele, mar it is nea ôf en grif net fanselssprekkend.

Lês mear oer de lanlike publykskampagne 'Ons Water'(eksterne keppeling)