Wannear ûntheffing oanfreegje?

Provinsje Fryslân hat foar syn farwegen ôfmjittings fêststeld dêr’t skippen oan foldwaan moatte. Foar alle farwegen binne eigen ôfmjittings fêststeld.

In skip mei net oan de skipfeart dielnimme as de lingte, breedte en de djipgong heger as foarskreaun binne. Yn guon gefallen kinne jo fan dy fêststelde ôfmjittings ûntheffing krije. Oan de ûntheffing wurde foar de feiligens betingsten ferbûn.

Sjoch op ús farweitabel hokker maksimale ôfmjittings en oanfoljende betingsten foar hokker farwei fan tapassing binne. Hawwe jo swierrichheden mei de lêsberens? Dan helpt it Klantkontaktsintrum jo graach fierder.

Wolle jo in ûntheffing, folje dan it oanfraachformulier ‘Ontheffing bovenmaatse schepen’ yn.

Wannear in fergunning bysûnder transport oanfreegje?

Yn kêst 1.21 Binnenvaartpolitiereglement steane bysûndere transporten omskreaun. Jo kinne dat kêst besjen. It giet om in skip mei lading of gearstalde lading of in driuwende ynrjochting of foarwerp wêrfan’t de lingte, breedte, de hichte boppe wetter, de djipgong, de mooglikheden om te manoeuvrearjen of de faasje fan it skip of de gearstalling net te ferienigjen binne mei de karakteristyk en mei de ôfmjitting fan de farwei en fan de keunstwurken.

It giet om transporten dy’t bysûnder binne troch de ôfmjittings fan de lading of de ynrjochting sels en dêrtroch net oer de dyk ferfierd wurde kinne. It giet nea om it ferfier fan stikguod of bulklading. Past it skip binnen de fêststelde ôfmjittings, mar is de lading eksepsjoneel heech of breed, dan is der ek sprake fan in bysûnder transport.

Twifelje jo noch oft jo wol of net in oanfraach foar in ûntheffing of farfergunning yntsjinje kinne? Wy helpe jo graachh. Jo kinne jo fraach maile nei: scheepvaart@fryslan.frl. Wy nimme sa gau mooglik kontakt mei jo op.

Ûntheffing skippen boppe de mjitte allinne op provinsjale farwegen.

Oanfreegje

Fergunning bysûnder transport allinne op provinsjale farwegen.

Oanfreegje

Fergunning bysûnder transport as sprake is fan meardere farweibehearders:

Oanfreegje(externe link)

Kosten

Op it stuit dat jo by de provinsje in fergunningsoanfraach yntsjinje, binne jo de provinsje leezjes skuldich. Dat bedrach betelje jo oan ‘e provinsje foar it brûken fan ús tsjinsten of produkten. De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Leezjesferoardering provincie Fryslân.