Mei it projekt 'Verduurzaming, herinrichting en revitalisering van het museum' hat Stichting Ruurd Wiersma de LF2028-priis yn ’e regio Noardeast-Fryslân wûn. Hjoed krige it bestjoer út namme fan ’e stichting de sjek fan 2028 euro oerlange. It bedrach is in oanmoedigingspriis dy't út it Iepen Mienskipsfûns (IMF) wei yn oparbeidzjen mei LF 2028 opset is. Nei elke iepenstellingsperioade fan it IMF kiest de sjuery in winner út trije IMF-projekten dy’t neffens regio nominearre binne.

It museum wol mei it wurk fan Ruurd Wiersma sjen litte dat elk minske, nettsjinsteande har of syn beheinings, by in kreatyf spoar lâns boppe har- of himsels útstige kin en in soad foar oaren betsjutte kin. Fjouwer desennia nei it iepenstellen fan it Ruurd Wiersma Hûs hat bliken dien dat it museumpân, it ferhaal fan Ruurd en syn kolleksje mear maatskiplike wearde opsmiten hawwe as de som fan ’e dielen. It is de ambysje fan it bestjoer fan Stichting Ruurd Wiersma om bliuwend te stribjen nei gruttere bekendheid fan it museum, troch te wurkjen oan in ûnderskiedende útstrieling en in respektabele reputaasje yn ’e kulturele wrâld. Op sa’n wize bliuwe it museum, Ruurd syn wurk en ’e oantinkens oan syn libbenswize bewarre foar de takomst.

Sjueryrapport

"Open de deur van Ruurd Wiersma’s gedecoreerde woonkamer en bereid u voor op een onuitwisbare herinnering", stiet op ’e webside te lêzen. Dat binne wiere wurden. De outsider art fan Wiersma, mei ûnferwachte kleuren en diminsjonele fertekening, beslacht it hiele hûs, gâns foarwerpen en skilderijen. De sjuery is bliid mei in aktyf bestjoer as dat fan ’e Stichting Ruurd Wiersma en ’e ynset fan in groeiend tal frijwilligers dy't de neilittenskip fan dy bysûndere Fryske keunstner beheare. It bestjoer doart it oan om te ynvestearjen yn klimaatbehearsking en foarsjenningenivo, sadat it Ruurd Wiersma Museum nijsgjirrich bliuwt foar keunstleafhawwers en deirekreanten. De sjuery is derfan oertsjûge dat it bestjoer fan ’e Stichting Ruurd Wiersma de Bonuspriis hiel goed besteegje sil.

Foto: Oege Hiddema, Sjerp Tolsma en Sybren van Tuinen fan Stichting Ruurd Wiersma mei de sjek fan 2028 euro.