Mei de ynrjochting fan dizze nije natuer yn de 4e útfieringsmodule fan de gebietsynrjochting Alddjip wurde wichtige skeakels yn de string fan it Natuernetwurk Nederlân (NNN) realisearre. Foar de ûntwikkeling fan de nije natuer wurde sleatten ûndjipper makke, om sa it wetter langer fêst te hâlden, en fan keardamkes foarsjoen om ferdrûging yn dit gebiet te kearen. Op in heger lizzend perseel wurdt bosk oanplante.

Dêrneist komt ûnder de Bakkefeanster Feart troch in beekûnderlieder (dûker) wêrmei't in nije stap set wurdt yn de realisaasje fan de opjefte Wetterbehear 21e iuw (WB 21) yn ‘e beekdelling Alddjip. Troch it wetter fia it prinsipe 'vasthouden-bergen-afvoeren' mear romte te jaan, wurdt de beekdelling klimaatbestindiger foar lânbou en natuer. Mei de oanlis fan de faunapassaazjes ûnder de Foarwurker Wei en De Poasen kinne otters en oare lytse bisten op dit plak feilich de dyk passearje. Ut de regiodeal Súdeast Fryslân wei is dêr € 2 ton foar beskikber steld.

Gearwurking

Yn 'e mande mei de grûneigeners en direkte omwenners hat de gebietskommisje Alddjip it ynrjochtingsplan foar dizze gebieten makke. Yn de gebietskommisje sitte fertsjintwurdigers fan natuer, lânbou, wetter en rekreaasje út it gebiet. Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân wurkje gear mei de gebietskommisje Alddjip, gemeente Opsterlân en lânbou - en natuerorganisaasjes oan it opknappen fan ‘e beekdelling fan it Alddjip en it Natuernetwurk Nederlân. Foar de natuerûntjouwing en in klimaatbestindige beekdelling Keningsdjip stelle Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân € 1,1 miljoen beskikber.