It Kolleezje fan Deputearre Steaten hat mei belangstelling kennis naam fan it Ofsprakeramt dat ferline wike troch alve lânbou-organisaasjes oanbean is. It kolleezje stelt oan de Steaten foar om dit as bylage op te nimmen yn de reaksjenota by de Omjouwingsferoardering dy 't yn de maitiid fêststeld wurdt.

"Neffens ús is it Ofsprakeramt yn de geast fan de earder formulearre útwurking fan de soarchplicht. Wol is it sa dat de soarchplicht ûnderdiel is fan de wet dêr 't elkenien him oan hâlde moat. Dêr kinne we neat oan feroarje, mar wy sille mei in-oar sjen moatte oft dit Ofsprakeramt de kommende jierren wurkje kin", seit deputearre Douwe Hoogland. Yn april 2022 beslút Provinsjale Steaten oer it fêststellen fan de Omjouwingsferoardening. It kolleezje stelt oan Provinsjale Steaten foar om de útwurking fan de soarchplicht foar greide- en boufûgels dêryn net op te nimmen. Dêrneist is it advys om it Ofsprakeramt as bylage op te nimmen yn de reaksjenota wêryn't alle ynkommen sjenswizen fan de Ontwerp Omgevingsverordening behannele wurde.

Beskerming fan greidefûgels

Alve lânbou-organisaasjes hawwe ôfpraat hoe't se de kommende jierren greidefûgels beskermje wolle yn Fryslân. Dat barde neidat de lânbousektor yn it foarjier oanjoech de útwurking fan de soarchplicht yn de Ontwerp Omgevingsverordening net wurkber te finen. Yn it Ofsprakekader greidefûgels Fryslân falt te lêzen hoe't de lânboupartijen mei de útwurking fan soarchplicht foar greidefûgels omgean wolle.

It dokumint is ûndertekene troch Agractie, Het Friesch Grondbezit, Agrarische Jongeren Fryslân, Farmers Defence Force, Land- en Tuinbouw Organisatie Noord, Kollektivenberied Fryslân, Feriening Biologyske Boeren Fryslân, Netwerk Grondig, Nederlandse Melkveehouders Vakbond, Dutch Dairymen Board en de Nederlandse Akkerbouw Vakbond. Ek is it Ofsprakeramt dield mei natuer- en miljeuorganisaasjes.