Yn it Regionaal Mobiliteitsprogramma (RMP) steane de plannen op it mêd fan mobiliteit en ynfrastruktuer foar de kommende jierren. De provinsje Fryslân wol dy plannen yn ’e mande mei oare (oerheids)partijen útfiere. Fan 12 july oant en mei 5 septimber 2022 hat it RMP op besjen lein.

Elkenien kin him feilich ferpleatse yn, fan en nei Fryslân. Wichtige bestimmingen binne betrouber en takomstbestindich te berikken oer lân en/of wetter en/of troch de loft. Dat bart op in skjinne, duorsume en te beteljen wize, rekken hâldend mei de leefberens en ’e omjouwing fan ús provinsje. Dat is de ambysje fan it Regionaal Mobiliteitsprogramma (RMP).

Dy ambysje is oerset yn fiif programmalinen:

  1. wy binne goed te berikken en ús netwurken binne betrouber, effisjint en takomstbestindich;
  2. wy ferpleatse ús duorsum;
  3. wy sette yn op mobiliteit foar elkenien;
  4. wy ferpleatse ús feilich;
  5. wy sette yn op tûke techniken en gedrach.

Foar elke programmaline binne doelen en maatregels opsteld yn ’e perioade oant 2040, om sa de ambysje berikke te kinnen.

It RMP komt fuort út ’e Provinsjale Omjouwingsfisy (POFI) “De Romte Diele” en it Klimaatakkoart. De POFI is yn 2020 fêststeld troch Provinsjale Steaten fan Fryslân en is in ramt foar ús fysike leefomjouwing. Yn it Klimaatakkoart (2019) spilet ferduorsumjen fan it mobiliteitssysteem in promininte rol.

Op besjen lizzen en opfettings

It ûntwerp RMP hat yn ’e perioade fan 12 july oant en mei 5 septimber 2022 op besjen lein. Der is keazen om it ûntwerp RMP acht wiken op besjen te lizzen (yn stee fan ’e wenstige seis wiken) yn ferbân mei de simmerfakânsjeperioade. Der binne mei-inoar 16 opfettings (‘sjochwizen’) yntsjinne.

Haadlinen fan ’e opfettings

De haadlinen fan ’e opfettings binne:

  • der is in protte wurdearring foar de brede en yntegrale oanpak fan it RMP, partijen stelle it op priis dat it in libben dokumint is en partijen binne graach ree om mei te wurkjen/mei te tinken by it útwurkjen;
  • der is grut ferlet fan ’e yntegrale netwurkstrategy, dy’t as maatregel 1.1 yn it RMP opnommen is;
  • mear omtinken foar frachtferfier oer wetter;
  • mear omtinken foar ferduorsumjen fan ’e rekreaasjefeart;
  • der is ferlet om ynfolling te krijen en mei te tinken oer hoe’t it iepenbier ferfier yn it lanlik gebiet organisearre wurde moat;
  • der is ferlet om ynsjoch yn ’e rezjyrol te krijen fan ’e provinsje nei gemeenten yn it ramt fan mobiliteit en de iepenbiere romte, spesifyk op it mêd fan rinnen, fytsen en parkearjen;
  • fraachstikken dy’t neiere oantsjutting freegje, binne it plennen, organisearjen en finansierjen fan ’e maatregels.

It plennen

Wy hawwe de opfettings oer it ûntwerp RMP beäntwurde yn in Nota fan Antwurd. In stikmannich opfettings hawwe laat ta it oanpassen of oanskerpjen fan it RMP. Neidat Provinsjale Steaten it RMP fêststeld hawwe, kinne wy de prioriteiten, kosten en finansiering yn 2023 fierder útwurkje. Dat resultearret yn in útfieringsprogramma RMP en in RMP 2.0, dat op ’en nij oan PS foar ynstimmen foarlein wurdt. PS wurde dêrby op ’en nij frege om te besluten oer de (útwurke) plannen. Nije (finansjele) ôfwagings kinne dan makke wurde by de kadernota foar 2024.

Mear witte?

As jo op dit stuit fragen hawwe oer it RMP dan kinne jo kontakt opnimme mei Anne Meijer fia provincie@fryslan.frl of jo kinne skilje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed ûnder kantoaroeren.

Dokuminten

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.